Leechste tal earrebarren yn fiif jier tiid teld: "Op soad plakken mar bytsje jongen"

Earrebarredoarp De Garverij yn Eagmaryp © Omrop Fryslân, Sian Wierda
It is in min jier foar de earrebarre. Der ha yn fiif jier tiid net sa'n bytsje jongen west as dit jier. Dat docht bliken út tellingen yn de regio Earnewâld en Beetstersweach.
Woansdei wie de jierlikse ringdei foar de earrebarren op it Eibertshiem yn Earnewâld. "Wy ha yn totaal sa'n 58 jongen teld", seit Haye Folkertsma fan it Eibertshiem. Dat der it iene jier in hiel soad teld wurde en it oare jier mar in bytsje, is net frjemd. "Der sitte hiele grutte ferskillen yn it tal jongen datst yn in jier hast."
Haye Folkertsma fan it Eibertshiem © Omrop Fryslân, Geartsje de Vries
Dochs fernuveret Folkertsma him oer it tal jongen op guon plakken. "As ik nei Earnewâld sjoch mei 26 nêsten, dêr hienen we mar 16 nêsten. En yn Beetstersweach fan 60 nêsten mar 58 jongen."
Oer de situaasje yn hiel Nederlân hat Folkertsma noch gjin sifers. "Ik sjoch wol dat op in soad plakken mar in bytsje jongen binne."

Rein of drûchte

Hoe't it krekt kin dat der dit jier mar in bytsje jongen binne, kin Folkertsma net hielendal ferklearje. "Wy witte in soad fan de earrebarre, mar in soad ek net."
It waar is in faktor dy't altyd in rol spilet, leit er út. "Grutte ferskillen, lykas dagen mei in soad rein, dan kinne de âlden de piken net mear bedekke. Yn it foarjier hiene we in perioade fan drûchte, dan ha se minder fretten."
Dochs hoege wy ús net direkt drok te meitsjen om de fûgels. "Lokkich wurde earrebarren ridlik âld, 15 oant 25 jier. Yn dy sin is net hiel slim foar de stân, mar wy redenearje dat je op in nêst yn trochsneed sa'n 1,8 oant 2 piken it jier ha moatte, dat helje wy dit jier lang net."