Ald-Hearrenfeanfuotballer Jan Ras op proef by Almere City

Jan Ras yn it shirt fan sc Hearrenfean © Orange Pictures
Jan Ras fan Urk traint de kommende dagen mei mei earstedivyzjeklup Almere City om dêr in kontrakt ôf te twingen. De 23-jierrige middenfjilder komt út de jeugdoplieding fan sc Hearrenfean, mar syn ôfrinnende kontrakt waard net ferlinge.
Ras spile yn 'e jeugd by SV Urk en makke yn 2010 as junior de oerstap nei sc Hearrenfean. Yn augustus 2019 makke er syn debút yn it earste alvetal, yn de thúswedstriid tsjin Feyenoord. Twa wiken nei syn debút rekke er swier blessearre oan syn knibbel yn in wedstriid fan de beloften tsjin PEC Zwolle.
Nei ûndersyk die bliken dat de talintfolle middenfjilder syn krúsbannen ôfskuord hie. It seizoen wie direkt foarby en ek de twa seizoenen dêrnei kaam Ras, dy't as earste Urker ea yn de earedivyzje spile, net mear yn de plannen foar.
Jan Ras yn it shirt fan sc Hearrenfean © Orange Pictures
Op 30 maart 2022 makke Hearrenfean bekend dat it ôfrinnende kontrakt fan Ras net ferlinge waard, wêrtroch't er no transferfrij is. Almere City is tongersdei úteinset mei de tarieding op it nije seizoen.