Tekoart oan medisinen by apotekers: "Wy moatte kreatyf wêze"

Apoteker Roger Hilbers fan De Drie Stellingen yn Easterwâlde © Omrop Fryslân
Hieltyd faker moatte apotekers 'nee' ferkeapje en alternativen fine foar medisinen. It probleem is der no ek foar harsen- en hertynfarkten. De soarch komt hieltyd mear yn 'e knipe.
"Yn ús apoteken komt it wol tweintich kear deis foar dat we alternative medikaasje fine moatte foar pasjinten", leit Rogier Hilbers út, apoteker fan De Drie Stellingen yn Easterwâlde. En as dat allinnich al yn syn twa apoteken is, hoe stiet it dan mei de rest fan Nederlân?
Neffens Hilbers is it probleem grut. Tekoarten oan medisinen rinne op en reitsje no sels de akute soarch, lykas by in harsen- of hertynfarkt. It tekoart is neffens Hilbers ûntstien troch corona. Yn coronatiid binne fabriken faksins begûn te produsearjen en minder medisinen.
Dêrneist binne der bepaalde grûnstoffen net te krijen en der binne leveringsproblemen út Azië wei. "Sikehûzen meie no medikaasje foar dizze akute soarch útwikselje. Dat is net hoe't it normaal giet", seit Hilbers.
Apotekers mei hannen yn it hier troch tekoart oan medisinen
Apotekersassistint Mirjan Jongedijk moat alle dagen minsken teloarstelle troch it tekoart. "Je wolle it bêste foar de pasjinten en je dogge der alles oan om se sa goed as mooglik te helpen."
"Mar ast fertelst dat harren medisyn der net is, sjochst dat se ferwar dogge. Ik doch der alles oan om in passend alternatyf te finen, mar dat kostet wol tiid." Jongedijk tinkt dat dit de nije realiteit is. "Ik wurkje hjir no fjouwer jier en sjoch it hieltyd minder wurden. We dogge alles wat wy kinne, mar it is net neat."

Alternativen

Oare medisinen, in oar merk, medisinen út it bûtenlân wei en oare yngrepen binne alternativen. Sa sette dokters by in emboly gauwer in stent sadat se it medisyn net brûke hoege. Apotekers besykje ek sels medisinen te meitsjen.
"Wy moatte kreatyf wêze mei wat der wol is", seit Hilbers. "Somtiden moatte we in ampul oerhevelje nei in fleske bygelyks, om 't dat de iennige wize dat de pasjint it ynnimme kin."

Machteleas

De gefolgen fan it tekoart ûnderfynt Hilbers sels ek. Syn soantsje fan njoggen moannen âld hat in bysûndere fiedingsallergy. "We binne der no efter dat er gjin boekweit ite mei. Mar as er dat dochs binnenkrijt en hy fertoant de earste oanstriid om te spuien, dan moatst daliks aksje ûndernimme en him in medisyn jaan. Dat diene we altyd troch yn de mûle te spuitsjen, mar dat medisyn is der net mear."
Lokkich wie der in alternatyf medisyn yn in ampul beskikber, fertelt de apoteker. "Mar as je soantsje by de oppas of berne-opfang is, is it saak dat elkenien begrypt hoe't sa 'n medisyn wurket en dat is bêst lestich."
De machteleazens fan minsken fielt Hilbers dêrom sels ek: "Ik bin eins ûnderfiningssaakkundige en hoewol't ik altyd al safolle as mooglik mei fiel mei myn pasjinten, wit ik no sels ek hoe heftich oft it is as je net de medisinen krije dy't it bêste foar dy binne."