Willem Nettinga wol gjin stânbyld foar Jan Binnes: "It wie perfoarst gjin held"

Jan Binnes - Kollumer Oproer © www.kollumeroproer.nl
Der moat gjin stânbyld komme fan Jan Binnes, 'de held van het Kollumer Oproer'. Dat fynt alteast neikommeling Willem Nettinga.
"Je kinne fan alles oer Jan Binnes sizze, myn oerpake, mar in held wie it perfoarst net", seit Nettinga. "Hy wurdt betocht fanwegen it Kollumer Oproer, dêr hat er lieding oan jûn en dêr hat him ferskriklik misdroegen."

Frustrearre

Syn oerpake wie fan himsels gjin misdiediger, seit er. Hy hat him meislepe litten troch de hystery dy't yn Fryslân hearske. "En hy wie sa frustrearre troch de omstannichheden fan dy tiid, dat er bûten syn boekje gong." Binnes wie mei Salomon Levy de lieder fan de opstân yn 1797.
Nettinga fertelt dat Jan Binnes him oan allerhande saken skuldich makke hat. "Hy hat hûzen fan bestjoerders fan Kollumerlân, mar ek fan provinsjebestjoerders fernield mei syn meistanners. Hy hat minsken mishannele, sels yn oanwêzichheid fan froulju en bern."

Gjin byld

Hy is it dêrom net iens mei de komst fan in stânbyld foar Binnes. Kollumer Erie Dam fynt dat Binnes wol in stânbyld fertsjinnet. "Wat Erie Dam en kompanen dogge is in falske foarstelling meitsje fan it Kollumer Oproer."
De lieders fan it "spontane oproer" binne troch in Fryske rjochtbank feroardiele ta de deastraf, leit Nettinga út. "Dêr kinne je wol krityk op ha, hoe't dy rjochtsaak doedestiids gongen is. Dy krityk ha ik ek wol, mar it feit dat se ta de dea feroardiele binne, makket harren noch gjin helden."
Neikommeling Willem Nettinga fynt Jan Binnes gjin held