Flechtlingen needopfang WTC krije gjin antwurden: "We moatte geduldich bliuwe"

In earder protest fan de flechtlingen © Omrop Fryslân
Flechtlingen yn de needopfang yn it WTC yn Ljouwert hawwe net allinnich te lijen ûnder de minne omstannichheden yn de needopfang, mar ek ûnder de ûnwissens fan har ferbliuwsstatus.
Troch achterstannen by de IND (Immigratie- en Naturalisaasjedienst) wachtsje se al acht moannen op ynformaasje wylst dat wetlik binnen seis moannen moatte soe. Se kaarten dit koartlyn oan by boargemaster Buma.

'Frustrearjend en fertrietlik'

Tiisdei kamen der twa meiwurkers fan de IND nei Ljouwert ta om mei acht flechtlingen út de bewennersrie te praten oer de problemen dêr't de flechtlingen tsjinoan rinne.
Ien fan de flechtlingen dy't meidie oan it petear is Hassan. Hy fertelt dat bewenners yn it foar hiel entûsjast wienen oer de komst fan de IND, omdat se hopen antwurden te krijen, mar dat barde net.
"We begripe dat der in soad flechtlingen binne. Dêrtroch binne der te folle asyloanfragen foar it hjoeddeistige personiel fan IND. Dus dy antwurden krije we pas op lange termyn. Dus we moatte geduldich bliuwe. En dat is tige frustrearjend en fertrietlik."

BSN-nûmer

Wat foar de flechtlingen benammen frustrearjend is, is it gebrek oan in BSN-nûmer. Dit persoanlike nûmer hast yn Nederlân nedich om studearje of wurkje te kinnen. Mar salang't de flechtlingen gjin update krije út de IND wei, komt it BSN-nûmer der ek net.
Mohammed út Syrië is advokaat en wol neat leaver as wurkje, mar dat kin no net. "Ik wol trochgean mei myn libben. Ik wol graach in aktive ynwenner wêze en wurkje om hjir in takomst op te bouwen. Ik wol gjin jild oannimme en dan sitte en wachtsje. Nee, ik wol lykas in soad oaren wurkje om foarút te kommen yn it libben. Net allinnich mar yn de needopfang wachtsje, sûnder hoop."
In oare flechtling seit: "Yn Syrië gean ik 1 kear dea. Hjir stjer ik alle dagen in bytsje."
In wurdfierder fan de IND lit witte dat se begrypt dat flechtlingen dúdlikheid wolle, mar dat de behanneling fan asyloanfragen 'een ingewikkelde logistieke puzzel' is.