Streek troch útwreiding dongferwurker Wâlterswâld

Kij produsearje dong © ANP
De provinsje Fryslân hat in grutte flater makke yn in fergunningsproseduere foar de útwreiding fan Mestverwerking Fryslân yn Wâlterswâld. Dat stelt de Ried fan Steat.
It giet om in fergunning foar de útwreiding fan de dongferwurkingskapasiteit fan 100.000 ton nei 250.000 ton yn it jier.

Mear stjonkerij as tocht

Neffens de provinsje soe de stankoerlêst troch in oare metoade en it pleatsen fan luchtwaskers flink minder wurde yn fergeliking mei de âlde situaasje. Mar neffens de bestjoersrjochter hat de provinsje neilitten om har eigen rookbelied ta te passen yn de ferliende fergunning.
De Ried fan Steat stelt fêst dat de provinsje net terjochte útgien is fan de wurklike stankproduksje fan de dongferwurker. Dy is yn it echt seis kear heger as yn 2013 fergund wie. De stjonkerij is wol minder wurden, mar net genôch.
De Ried fan Steat wol dat de provinsje hjir wer op 'e nij nei sjocht. As omwenners it dan wer net iens binne mei de provinsje, kinne se fuort nei de Ried fan Steat stappe. Dat hoecht dan net mear fia de rjochtbank.