Fiadukt wie leger as tocht, frachtwein folslein skansearre

Grutte skea oan in frachtwein © Kappers Media
In frachtwein hat woansdeitemiddei in protte skea oprûn doe't bliken die dat hy net ûnder in fiadukt troch koe.
It ynsidint barde op de A32 by Akkrum. Der stie wol in warskôgingsboerd dat it fiadukt mar 3,3 meter heech wie, mar de sjauffeur ried dochs troch. De folsleine boppekant fan de laadbak waard dêrtroch iepenlutsen. De skea oan it fiadukt bleaun beheind. In pear stikjes beton brutsen ôf en der wienen wat krassen.