Nije trainster Vera Koenen alwer fuort by VC Snits: 'Seleksje net sterk genôch'

Vera Koenen © Orange Pictures
Noch foardat Vera Koenen oan de slach gien is, is se al wer fuort by VC Snits. De follybalcoach en VC Snits gean net met-inoar fierder, omdat de klup net oan de easken fan Koenen foldwaan kin.
Neffens Koenen is der gjin seleksje om mei te dwaan om de prizen. Dat stie wol yn it kontrakt. "We hebben afgesproken een competitief team samen te stellen en daar zijn we samen niet in geslaagd. Ik mis bijvoorbeeld een diagonaalspeler. De selectie is niet sterk genoeg."

Yn maart kontrakt tekene

Koenen waard de lêste fjouwer jier kampioen fan Nederlân mei Sliedrecht Sport en wie ta oan in nije útdaging. Al yn maart hie se in kontrakt tekene yn Snits. Mar dêr sjocht se no fanôf. "Ik heb getwijfeld of ik wel naar Sneek wilde, want ik moet toch elke keer drie uur in de auto zitten. Maar als ik zo lang in de auto moet zitten voor een ploeg in opbouw, dan pas ik daar liever voor. Daar krijg ik geen energie van."
Koenen baalt as in stekker. "Het is echt heel jammer dat het niet doorgaat. We hebben wat pech gehad met spelers die ineens ophouden of toch naar een andere club gingen."

Gjin fergoeding foar spilers

Sa binne der mar leafst seis spilers út de seleksje fan ferline jier dy't der kommend seizoen net by binne. "En de top vier van Nederland betaalt zijn spelers. Dat konden wij niet bieden. Je hoopt dan ook dat mijn komst helpt, maar dat heeft niet genoeg spelers over de streep getrokken."
It grutste talint fan VC Snits is de 18-jierrige Rixt van der Wal fan Haskerhoarne. Sy hat fan 'e wike bekendmakke noch in seizoen langer te bliuwen by Snits. Neffens de klup twivele se no't Koenen net komt, mar hat se dochs besletten te bliuwen.