Súdwest-Fryslân wol 116 nije wenten oan rûnwei Snits

Huzebou © ANP
It kolleezje fan Súdwest-Fryslân giet akkoart mei it plan foar 116 nije wenten oan de rûnwei fan Snits. It giet om apparteminten, rychjeshûzen en 'wetterwenten'.
De hûzen komme op it âlde plak fan de skoalle Friese Poort. Fan de 116 hûzen binne der 64 rychjeswenten, 24 wenten oan it wetter en 28 sosjale hierwenten.
Belanghawwenden kinne de kommende seis wiken in sjenswize ynstjoere. Wannear't de bou úteinset, is noch net bekend.