Mooglik bliuwend letsel plysjes nei rellen âld en nij yn Noardeast-Fryslân

Eanjum © Noordernieuws
Meardere swierferwûne plysjes binne nei de rellen om âld en nij hinne yn Ferwert, Eanjum, Kollumersweach, Marrum en Burdaard noch hieltyd net oan it wurk.
It is noch mar de fraach oft de plysjes alhiel wer better wurde. Dat stiet ûnder oare yn in evaluaasje nei de tadracht fan rellen yn de ôfrûne âldjiersnacht. Dêrby rekken acht plysjes ferwûne.
"Hoe kin it dat elkenien inoar in feestlike jûn en nacht ta winsket, mar dat we dochs oan de ein fan de nacht konstatearje moatte dat acht fan myn kollega's ferwûne rekke binne", freget teamsjef fan de plysje, Marjan de Abma, har ôf.
"Meardere binne sa slim ferwûne rekke dat se dêr oant op de dei fan hjoed net better binne en der miskien sels bliuwend letsel oan oerhâlde."

Soargen

De teamsjef uteret har soargen, mar sjocht ek foarút. "It rekket net allinnich harren, mar ek harren famyljes en ús as kollega's by de plysje. It moaiste soe fansels wêze dat it net nedich is dat de plysje wêr dan ek mar yn aksje komme moat. Mar as de situaasje derom freget, stean wy derfoar dat âld en nij foar elkenien sa feilich mooglik ferrint."

Oanbefellingen

Plysje, boargemaster en Iepenbier Ministearje hawwe it ynstitút foar feiligens- en krisismanagement COT ynskeakele foar in ekstern, ûnôfhinklik ûndersyk nei de rellen mei de jierwiksel yn fiif doarpen yn Noardeast-Fryslân.
Der binne fiif oanbefellings dien foar de kommende jierwiksel. Sa moatte de ôfspraken dúdlik makke wurde oan de hân fan senario's en moat dat oan bewenners trochjûn wurde. Fierders moatte der wurkbere en feilige farianten foar it oerheidsoptreden komme.

Oerlis

De perioade july oant en mei oktober wurdt brûkt om mei doarpsbelangen, helptsjinsten en ynwenners yn petear te gean oer de fiering fan de jierwiksel yn de doarpen. Doel is om konkrete ôfspraken te meitsjen oer tema's lykas brânbulten, karbidsjitten en feesten mei âld en nij.