Iepenbier Ministearje ferfolget man en frou foar dea troch skuld yn saak Lisette Elzinga

Argyfbyld fan de stille tocht dy't foar Lisette Elzinga organisearre waard © Omrop Fryslân
It Iepenbier Ministearje ferfolget in 48-jierrige man en in 29-jierrige frou fan It Hearrenfean foar dea troch skuld yn de saak fan Lisette Elzinga.
It IM ferwyt de fertochten dat se de helptsjinsten net oproppen hawwe, en dêrmei bydroegen hawwe oan de dea fan de frou.
De 26-jierrige Lisette Elzinga ferstoar nei't plysjes har op 15 oktober 2021 'in zeer zorgwekkende toestand' oantroffen yn de wenning fan de fertochte man. Der soe neffens it IM in feestje of 'samenzijn' west ha.
De fertochte frou wie in freondinne fan it slachtoffer. Ut ûndersyk docht bliken dat Lisette tsien dagen letter ferstoarn is oan de gefolgen fan it ynnimmen fan in kombinaasje fan alkohol, xtc, kokaïne en GHB.

Fertochten sochten ynformaasje, mar dienen der neat mei

De plysje en it IM sizze dat Elzinga by fersin in slok út in wetterfleske mei GHB deryn nommen hat. De man en frou dy't no ferfolge wurde, troffen Elzinga bewusteleas oan, mar skeakelen gjin help yn. Dat barde pas nei 2,5 oere.
Wa't de helptsjinsten lang om let ynskeakele hat, wol it IM no net sizze. Parseoffsier fan justysje Debby Homans-De Boer seit dat de twa wol ynformaasje op ynternet opsocht ha: "Duidelijk is dat er zorgen waren over de situatie van het Lisette. Dusdanig dat de verdachten echt op zoek waren naar informatie hoe te handelen."
Iepenbier Ministearje oer de saak Lisette Elzinga
It IM hat sûnt oktober ûnder mear praat mei belutsenen, ûnderlinge kommunikaasje bestudearre en toksikologysk ûndersyk útfierd. Der is gjin bewiis fan strafbere seksuele hannelingen fûn.

Seponearje

Dy fertinkingen oan it adres fan in oare, 45-jierrige man fan It Hearrefean en de 48-jierrige man binne dêrom seponearre. Ek de fertinking fan dea troch skuld fan de 45-jierrige man wurdt seponearre. It kin net oantoand wurde dat dy man op de hichte wie fan de kritike tastân fan Lisette.
It ferstjerren fan de jonge frou wie in grutte skok op It Hearrenfean. Yn oktober ferline jier rûnen sa'n tûzen minsken mei yn in stille tocht.
It is noch net bekend wannear't de twa fertochten foar de rjochter komme moatte.
Ferslachjouwer Earryt Sijens yn petear mei Parseoffsier fan justysje Debby Homans-De Boer