Tjeerd de Groot: "Geldt in ons land dan toch het recht van de trekker?"

Tjeerd de Groot (D66) © Omrop Fryslân, René Koster
"Een buitengewoon droevige dag voor de democratie. Parlementariërs, met welke mening dan ook, moeten hun werk kunnen doen. Dat seit D66-Twadde Keamerlid Tjeerd de Groot nei't er te hearren krige dat syn feiligens net garandearre wurde koe.
De Groot wie útnûge om ta te harkjen by de grutte boereprotestgearkomste yn Stroe tsjin de stikstofplannen fan it Ryk. Mar de Nationaal Coördinator Terrorismebestrijding en Veiligheid advisearre him om net te gean. De feiligens fan it Keamerlid koe net garandearre wurde. "Geldt in ons land dan toch het recht van de trekker?", skriuwt De Groot op Twitter.
De Groot fynt it tige drôvich dat in evenemint sa organisearre is, dat inkeld minsken mei in bepaalde miening de boeren tasprekke kinne. Dat sels minsken dy'tst útnûgest om ta te harkjen, net wolkom binne omdat se mooglik yn gefaar binne.
"Ik vind dat de overheid en de organisatie ervoor moeten zorgen dat ook mensen met een andere mening welkom zijn. Dat is wat onze democratie sterk maakt."
Tjeerd de Groot
Krekt fanwege de negative uteringen op sosjale media is it fan belang om nei sa'n protestgearkomste te gean, fynt De Groot. Om te harkjen, om mei de boeren yn petear te gean en harren witte te litten: we binne der foar jimme. En dat kin no net. It byld dat D66 tsjin de boeren is, wurdt no eins befêstige troch de organisaasje, seit De Groot.
"Alle partijen die daar nu spreken, moeten ook vertellen dat de laatste tien jaar de helft van de varkenshouders is verdwenen. In het huidige systeem is er helaas alleen maar plek voor boeren die intensiveren en maar doorgaan. Dat gaat ten koste van de omgeving en van henzelf. Dat wil D66 doorbreken en de andere partijen niet."