Wa makket de lekkerste oranjekoeke fan Fryslân?

© Shutterstock
Ja, kenst it wol hè? De lekkerste koeke fan Fryslân foar by de kofje, echte oranjekoeke. Mar hoe hasto him it leafst, mei krêm of slachrjemme? En wa makket de lekkerste oranjekoeke fan Fryslân?
Dizze fraach stelde Reitse Spanninga by it radioprogramma Goeiemiddei. De striid ûnder de hobbybakkers barste los. Minsken koenen harren fia de webside fan Omrop Fryslân opjaan om mei te dwaan oan de oranjekoekewedstriid op freed 24 juny.
Oranjekoekewedstriid
Freed 24 juny hearst yn it radioprogramma Goeiemiddei! fan 13.00 oant 16.00 hokker thúsbakker de lekkerste oranjekoeke bakt. De faksjuery bestiet út kampioensbakker Romke van der Meulen, waarman en oranjekoekeleafhawwer Jan Jonkman en sjueryfoarsitter Reitse Spanninga.
Goeiemiddei! is in radioprogramma mei nijsgjirrige petearen, de bêste muzyk, de leukste spultsjes en do krijst alle romte om mei te praten mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Alle wurkdagen tusken 13.00 en 16.00 oere te hearren.