Hieltyd mear âlde pleatsen geane tsjin de flakte: "Mear jild foar útlûke"

Hilbert Walstra © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Hieltyd mear âlde pleatsen wurde mei de grûn lykmakke. Dat sjocht antykhanneler Hilbert Walstra fan Boalsert. Hy fynt dat der mear jild foar útlutsen wurde moat om pleatsen mei âlde en orizjinele eleminten te ûnderhâlden.
Walstra hannelet sels yn âlde boumaterialen, dy't er út âlde pannen hellet. Syn loads yn Boalsert stiet fol mei allegear antike doarren, tegels, ornaminten en stiennen fan âlde pleatsen.
Hy krige each foar it antike boumateriaal, doe't er seach dat minsken it skitterjend fûnen dat er syn hûs beklaaide mei âlde stiennen en tegeltsjes: "Ik tocht, dit is hannel."

Antyk boumateriaal

Fan dat momint ôf hannelet er yn antyk boumateriaal. "Ik bin eins gjin samler, ik lis wol ris wat oan de kant. Dy minsken dy't restaurearje, dy sykje altyd it âlde guod op."
Hieltyd mear âlde pleatsen geane tsjin de flakte
Walstra fynt it skande dat minsken hieltyd minder each foar it âlde guod lykje te hawwen. Lokkich komme guon minsken wol by him del. "Dan komme se wol ris by my en dan besykje wy foto's te krijen, fan hoe't it eartiids west hat en watfoar famylje oft der yn wenne hat. Dan kinst sjen hoe't it wie."

Orizjineel guod noch yntakt

Hy makket wol mei dat âlde hûzen of pleatsen ôfbrutsen drige te wurden, mei it âlde guod noch yntakt. "Dan bin ik der fansels by. Faak krij ik wol in tip, fan sjoch dêr of dêr ris."
"Der belle my in boubedriuw fan It Hearrenfean op, dy't sei dat ik dêr en dêr efkes sjen moast, dêr stie in âld pantsje."
In âlde skou © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
Sa krige er ris in tip fan in boubedriuw fan It Hearrenfean oer in âld pân. "Ik kom dêr yn Mildaam en ik tocht dit kin neat wêze: In ferve hûske mei in pear garaazjes derefter."
Fan binnen wie it lykwols noch hielendal orizjineel. "Ik stap deryn en ik wist net wat ik seach. Moaie bedsteewand, moaie skou mei tegeltablo mei in pear Fryske hynders derop. En wol fjouwer as fiifhûndert blomkes."

Gjin jild

Dat guon pleatsen net ûnderhâlden wurde, sit him benammen yn de sinten, tinkt Walstra. "Der is gjin jild foar. It is der net. Dêr moasten se no folle mear jild foar útlûke."
Hy soe dêrom graach sjen dat der jild beskikber komt foar minsken dy't harren âlde hûzen net mear ûnderhâlde kinne.
Hilbert Walstra hannelet yn âlde boumaterialen