Druk op sikehuzen nimt ta troch corona: "Daar gaan we weer"

© ANP
It tal coronabesmettings nimt hurd ta. De ôfrûne wiken wie der in taname fan 70 persint. Hast 27.000 minsken yn Nederlân binne besmet. Ek sikehûzen hawwe it drokker mei it tal opnames.
"We hebben allemaal het gevoel: Daar gaan we weer", seit ynternist Froukje Ubels fan sikehûs MCL yn Ljouwert. Yn har sikehûs fernimme se de ekstra drokte net by it tal opnames fan nije covidpasjinten. De ekstra drokte komt benammen troch syktefersom by it personiel. Minsken sitte wer thús mei covid en dan binne der minder hannen oan it bêd.
Yn it MCL besjogge se hokker maatregels se trochfiere moatte. Nim no it fûstkjen, Yn ferskate sikehûzen wurdt dat net mear dien en eins soene se dat yn it MCL ek dwaan moatte, fynt Ubels.
Soms wit in pasjint net oft er in dokter no wol of net in hân jaan moat. "Wij zeggen als dokters en zorgverleners: niet doen, Houd afstand. Geen handen geven. En testen als je klachten hebt. Blijf thuis en zorg dat je je weer aan de maatregelen houdt."
Froukje Ubels, ynternist sikehûs MCL Ljouwert
Der is noch in soad ûnwis oer de nije coronafariant. Hoe besmetlik is it en hoe siik wurdst derfan. Der binne earder ek al plannen ûntwikkele yn de sikehuzen om safolle mooglik trochgean te kinnen mei it leverjen fan optimale soarch, oan net-covid- en oan covid-pasjinten.
Yn it ferline hat de soarch in soad meimakke en in soad leard. No moatte se yn ROAZ-ferbân yn de trije noardlike provinsjes sjen wat de bêste oplossingen binne wat kapasiteit oanbelanget.
Wêrom wurde mûlkapkes net standert ferplichte yn sikehuzen?
Yn de sprekkeamer is genôch ôfstân en hoecht it net, neffens Ubels. Mar wol as de pasjint lichaamlik ûndersocht wurdt.
De fraach 'wol of gjin ferplichte mûlkapkes yn sikehuzen' is in lanlike diskusje, fynt Ubels. Minsken woene fan de covidmaatregels ôf. Dan is it dreech foar in sikehûs om it fol te hâlden. Dy diskusje komt no werom: moat it dochs net wer ynfierd wurde om elkenien te beskermjen?