Jelmer Rozendal wennet al fiif jier yn Graz: "It Frysk krijst der net út"

Jelmer Rozendal © Omrop Fryslân
As echte wâldpyk is Jelmer Rozendal (29) fiif jier ferlyn ferhuze út De Westereen nei in plak dat er earst sels net iens koe. Troch de leafde is er yn Graz (Eastenryk) telâne kaam.

Nei 22 jier yn De Westereen wenne te hawwen begûn Jelmer mei syn stúdzje oan de keunstakademy yn Grins. Dêr kaam hy syn freondinne Linda út Graz tsjin.
Linda wie foar in jier yn Grins as au pair. Nei dat jier gie se werom nei har thúslân, mar de relaasje bleau. Ut har eigen lannen wei hâlden se kontakt en sochten se inoar hieltyd op. Om't Linda in echt famyljeminske is, ha se op in gegeven stuit besletten om beide yn Graz te wenjen.

Studintestêd

Mei goed 294.000 ynwenners is Graz it op ien nei grutste plak fan Eastenryk. Neffens Rozendal is de stêd te ferlykjen mei Utrecht. "It is eins in studintestêd mei in histoarysk sintrum", seit Rozendal.
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Twa jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat Whatsapp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt se en hokker aventoeren meitsje se mei?
Foardat hy mei syn freondinne yn de kunde kaam, hie hy noch nea fan Graz heard. Hy hat it noch altyd bot nei it sin en syn famylje komt sa no en dan del. Unwennich is er net. "Ik haw in hiele noflike groep minsken om my hinne en ik tink dat dat it bêste medisyn tsjin ûnwennigens is."

Wurk

As grafysk foarmjouwer hat hy wurk fûn yn de stêd. Alles komt op syn buro, fan folders oant krantsjes oant reisynformaasje yn de tram. Mei de taal giet it hieltyd better. As meiwurker fan de gemeente moat dat ek wol.
It die bliken dat Eastenryksk oars is as it Dútsk. "Yn it begjin ferstie ik der neat fan. Mar ik moast it leare. Ik hie gjin kar." Yn it iepenbier prate de twa Nederlânsk of Ingelsk, wêrtroch't Rozendal syn taal hielendal by it wurk leard hat. Hy hat sels ek besocht om Linda Frysk te learen.

Noch altyd Frysk

"It Frysk krijst by my der net út, tink ik." Twa kear yn it jier giet er nei Fryslân en makket er ek in toeristyske tocht. "Wy keapje dan ek altyd Fryske dúmkes en we hawwe hjir in fles Beerenburg lizzen, dy't hiel stadichoan op giet."
It folsleine petear mei Jelmer Rozendal