De toan fan Froukje Sijtsma: "De reüny"

© Omrop Fryslan
"Yn it foar haw ik gjin idee wa't der allegear komme sil. Allinnich fan twa freondinnen wit ik dat se har oanmeld ha foar de reüny fan de middelbere skoalle.
It is presys tweintich jier lyn dat myn klasgenoatsjes en ik it diploma behellen oan it Christelijk Gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert.
De toan fan Froukje Sijtsma
It is fanút de stêd eins ek mar in skyteintsje fytsen, ferlike mei de fyftjin kilometer dy't ik eartiids nei Ljouwert fytse moast. Op it skoalplein foar it ymposante gebou sjoch ik minsken inoar entûsjast begroetsjen en oankrûpen. Sil it foar my ek in feest fan werkenning wurde?
Ik rin de skoalle yn. Op in stickerke set ik myn namme en diplomajier en plak it op it boarst. Ik fiel my wat ûnwennich yn it gebou dat seis jier wie as in waarm bad. Unwennich om't ik sa gau gjin inkeld bekend gesicht sjoch. Ek oare minsken strune nei jiertallen op stickers. Dan krij ik Renske yn it fizier, in famke út de splitsklasse. Se is yn al dy jierren gjin spat feroare. Al keuveljend rinne we nei de kantine ta.
Ynienen sjoch ik har stean. Marja, ien fan myn bêste freondinnen fan myn middelbere skoaltiid. Se hat noch altyd dy prachtige krollen en ek diskear hat se grutte hingers yn de earen. Sels har wize fan praten en laitsjen is noch like entûsjast as froeger. Nei ús eksamens hâlden we sa no en dan kontakt, mar om't sy nei Utrecht gong en ik nei Grins ferwettere ús freonskip.
En dat wylst Marja en ik froeger altyd sa'n ûntychlik soad wille mei-elkoar hienen. We hienen deselde humor en mochten de boel graach in bytsje opskodzje. Ek bûten skoaltiid setten wy de blomkes graach efkes bûten. Mei Marja gie ik foar it earst op stap, stienen we beiden foar it earst mei in jonge te tútsjen. Hoe faak hie ik by har yn de grutte stêd net útfanhûs west? In skoftke doarde ik har âlden net mear ûnder eagen te kommen, om't ik nei it útgean harren tún ûnderkoarre hie. Marja en ik moatte der op de reüny fuort wer om laitsje.
Ik krij ek fjouwer oare froulju út myn âlde klasse yn de kiker. Lysbert, Dieuwke, Lisette en Karin. Ik bin sa oergryslik bliid harren te sjen en jou se in krûp. De sfear sit der fuort wer goed yn. Nei tweintich jier pakke we de tried gewoan wer op en elts falt as fansels wer yn syn eigen fertroude rol. Dieuwke, sy wie altyd fan it oersjoch en wist presys wat der op it lesprogramma stie. Ek diskear nimt se ús wer mei op sleeptou.
Mei Dieuwke foarme ik yn de earste klasse in topteam. Fan skoalle krigen wy fiif gûne. Opdracht wie om dat bedrach te fermearderjen. Dieuwke betocht dat minsken by ús besykje koenen jild te fertsjinjen. Yn in tontsje mei wetter lei in pantsje mei wat jild derop. Minsken mochten mei in eigen dûbeltsje besykje om it troch it wetter hinne op it pantsje te krijen. Ik haw gjin hoefolle winst wy dy dei makken. Ik fûn it foaral hiel gesellich, mar soe Dieuwke op dat momint al witten hawwe dat se jierren letter yn Wageningen promovearje soe op grûnwetter?
Mei it groepke fan ús eksamenjier ite we in hapke op de steatlike skoaltreppen. Op itselde plak dêr't wy earder praten oer repetysjes, eigenaardige dosinten en al dy oare saken. Want hoe faak hienen Lysbert en ik net ferhalen hân oer leuke jonges út de hegere klassen? Wy wisten presys op hokker mominten fan de dei wy de hunks fan skoalle tsjinkomme koenen as de les foarby wie en wy fan lokalen wikselen. En jûns kletsten we op de hústelefoan noch gauris in oerke troch. Us mem sei dan altyd: "Jim hawwe elkoar de hiele dei dochs al op skoalle sjoen, binne jim no noch net útpraat?"
Ek diskear binne it Lysbert en ik dy't noch efkes plakken bliuwe. We stean te dûnsjen yn de skoalkantine en tinke beiden werom oan de tiid dy't sa hurd foarby flein is. Elts gong nei in oare stêd: nei Leiden, Utrecht, Wageningen of Grins. Wy bouden ús eigen nije sosjale libbens op. Mar no't ik se nei al dy tiid wer by-elkoar sjoch, fiel ik dat ik harren mist haw. Ik bin net de iennichste. Al rillegau hat ien in app-groep oanmakke en stiet in reüny fan ús eksamenjier al op priemmen."