Hieltyd minder selsslachtsjende slachters: "As boeren ophâlde, ha wy gjin kij mear"

Slachter © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Der binne hieltyd minder slachters dy't sels slachtsje. Yn hiel Nederlân giet it om 86 slachters. De delgong komt troch personielskrapte en om't der kwealik ynteresse is om it bedriuw op te folgjen.
"En ferjit ek net de kwestje by de boeren no. Der hâlde nei alle gedachten hieltyd mear feehâlders op. Ik kin aanst gjin goeie kij mear krije", seit Peter Aldershof fan de slachterij mei deselde namme yn Easterwâlde.

Klanten komme oeral wei

Aldershof is in famyljebedriuw mei heit en twa broers dy't de bisten by de boeren ynkeapje, sels slachtsje en it fleis ferwurkje. "Dat is ús krêft. Minsken witte wêr't it fleis weikomt."
Minder fleis ite, dat is wat de lêste jierren promoate wurdt. Dat soe sûner en better wêze foar elkenien. "Wy hawwe dêr gjin lêst fan. Us klanten komme oeral wei, want se witte dat it fleis fan eigen bisten komt."
Slachter © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De 49-jierrige Peter Aldershof dy't krekt tolve bargen, fjouwer kij en trije lammen slachte hat, sit yn oer de takomst. Der is gjin personiel te krijen dat lange dagen yn de slachterij meitsje wol.
Boppedat hat er ek noed oer de opfolging. Hy ferwachtet net dat syn beide bern de slachterij oernimme wolle. "Dat soe betsjutte dat der ein komt oan ús bedriuw dat myn oerpake begûn is. As ik dêr oan tink, dan wurd ik der emosjoneel fan."