Ljepper Jan Teade Nauta wint ynhelwedstriid yn Gryptsjerk

Jan Teade Nauta op argyfbyld © Martin de Jong
Jan Teade Nauta hat tiisdeitejûn de fierljepwedstriid yn Gryptsjerk wûn. Yn de finale sprong de ljepper fan Drylts twa kear presys deselde ôfstân: 18,89 meter. Dat wie ek de fierste ôfstân fan de jûn.
Dêrmei krige de achtste wedstriid yn de earste klasse ek de achtste ferskillende winner fan it seizoen.
De wedstriid yn Gryptsjerk stie oarspronklik pland foar 8 juny, mar dy wedstriid koe doe fanwegen it minne waar net trochgean.
Jan Teade Nauta nei de ynhelwedstriid yn Gryptsjerk
Bauke de Jong fan Parregea waard twadde mei in sprong fan 18,85 meter. It tredde plak gie nei Sytse Bokma fan Warkum mei 18,34 meter.
By de froulju gie de oerwinning nei Femke Rispens fan Niehove, dy't yn de foarronde al 14,49 meter sprong. Inger Haanstra fan It Heidenskip (14,21) waard twadde en Femke Brouwer fan Arum (13,28) waard tredde. Haanstra sprong yn de finale twa kear wiet.
Hilde van der Weij fan Sint-Jabik hie as se by de froulju meidien hie it poadium diele moatten mei Rispens. Se sprong by de famkes presys deselde ôfstân.

Junioaren en jonges

De junioaren en jonges wiene tiisdeitejûn wol dúdlik minder as harren grutte foarbylden by de senioaren. De oerwinning by de junioaren gie yn 16,64 meter nei Peter Faber fan Aldehou.
By de jonges sprong Auke Jan Jilderda fan Burgum 16,31 meter it fierst.