Reinder Brandsma fan Damwâld tekenet foar fjirde seizoen by Aris Ljouwert

Reinder Brandsma yn aksje foar Aris Ljouwert © Orange Pictures
Reinder Brandsma fan Damwâld spilet ek takom seizoen yn it shirt fan Aris. It wurdt foar de Fryske basketballer syn fjirde seizoen by de klup.
Brandsma kaam yn syn earste trije seizoenen 83 kear yn aksje foar de klup út Ljouwert. Earder spile er by Donar.
De twa meter lange center is de earste spiler dy't Aris fêstlein hat foar takom seizoen. Aris spilet nei de simmer wer yn de BNXT League, de kompetysje fan de bêste Nederlânske en Belgyske klups.