'Moreel appèl' fan plysje op aksjefierders: gjin trekkers op de sneldyk

In protest mei in trekker © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De plysje Noard-Nederlân trunet der by aksjefierders op oan om de ferkearsfeilichheid net yn gefaar te bringen. Eventuele ferkearsoertrêdingen by de protesten fan woansdei sille gefolgen hawwe.
De plysje jout oan yn petear te wêzen mei fertsjintwurdigers fan aksjefierders dy't moarn de boer op wolle. Blokkades op diken binne ferbean. Stadich ridende auto's en trekkers op sneldiken wurde ek net akseptearre.
Hoe en wannear't der hanthavene wurdt, wol de plysje net sizze. Neffens in wurdfierder is it wichtichste dat in plysje syn wurk feilich dwaan kin en dat de ferkearsfeilichheid yn gjin gefal yn gefaar komt.
De aksjefierders binne troch de plysje op de hichte brocht fan de regeljouwing. Se hawwe as boadskip meikrigen om gjin 'grootschalige ontwrichting' fan de mienskip te feroarsaakjen. Earder rôp LTO-foarsitter Sjaak van der Tak al op ta 'passende en waardige' boereprotesten.