Wetterskip Fryslân: 'stevige lêsteferheging' foar boargers en boeren yn 2023

Skjinmakkers dwaande mei de gevel fan it wetterskipsgebou © Omrop Fryslân
De Wetterskipslesten yn Fryslân sille takom jier nei alle gedachten mei sa'n 7 persint omheech gean.
De klimaatferoaring, de bestriding fan eksoaten as it galleblêd, ynflaasje, hegere enerzjykosten en hegere personielslêsten jeie de begrutting fan Wetterskip Fryslân mei miljoenen omheech.

Utsûndering foar minima

It wetterskip kin net oars as dy hegere kosten wer ferhelje op de ynwenners, mar wol dêrby in útsûndering meitsje foar de minima.
"Wy hawwe as deistich bestjoer in omslach makke, seit Bé de Winter fan Wetterskip Fryslân. "Ferline jier hawwe we ynfierd dat de minima net folslein kwytskolden wurde, mar sels 10 persint bydrage. Dat hawwe we no wer weromdraaid, want der komt no wol in hiel soad op de minima ôf yn de foarm fan hegere lêsten."

Klimaatferoaring

Deistich bestjoerslid Bé de Winter fan Wetterskip Fryslân liet tiisdei by de presintaasje fan de kaderbrief 2023-2027 sjen dat sawat alle wichtige begruttingsposten by it Wetterskip omheech gean sille. "Nim no enerzjy. Wy keapje no ek noch yn by Gazprom Energy, mar dêr moatte we fanôf. In nij kontrakt sil altyd djoerder wurde."
De grutste útdaging foar it wetterskip is it ynspyljen op de klimaatferoaring yn de foarm fan swiere reinbuien en perioades fan drûchte. It wetterskip moat dêrom mear ynvestearje yn maatregels om wetter fêst te hâlden, te bergen en te ferpartsjen.

'In pear tientsjes' yn it jier

Ek it bestriden fan eksoaten lykas it galleblêd kostet it wetterskip in soad jild. "It galleblêd is ekstreem oan it oprukken. Wy stekke de kommende jierren dêrom twa miljoen ekstra yn de bestriding en ek dat moat wer opbrocht wurde."
It is no oan it algemien bestjoer fan it wetterskip om fêst te stellen hoe bot de tariven takommend jier krekt omheech geane. Dat bart nei alle gedachten pas by de begruttingsgearkomste yn novimber.
In taryfsstiging fan 6 oant 7 persint kostet in trochsneed húshâlding 'in pear tientsjes' yn it jier. Foar boeren mei in soad lân binne de finansjele gefolgen grutter. "Wy realisearje ús dat in taryfsferheging foar eltsenien in ferfelend berjocht is, mar wy fine ek dat wy ús wetlike taken goed útfiere moatte", seit De Winter.
Bé de Winter fan Wetterskip Fryslân