Fakânsjefierders boeke let, mar campings ferwachtsje goeie simmer

Tinte opsette © ANP
Fakânsjeparken en campings yn Fryslân ferwachtsje in goeie simmer. Opfallend is dat minsken dit jier pas let boeke.
"Wy tinke dat minsken troch corona wat foarsichtiger wurden binne", seit Femke Zeilinga fan fakânsjepark Esonstad by De Lauwersmar. "No wachtsje minsken earst de maitiid ôf. Dêrnei boeke se pas in fakânsje."

Boekingen komme los

Zeilinga fernimt dat de boekingen no pas echt begjinne te rinnen. Dat ûnderskriuwt ek Annelie Bleckman, eigener fan camping It Wiid en fakânsjepark De Kuilart by Earnewâld. "Misschien komt het door het mooie weer, de chaos op Schiphol of de onzekerheid door corona."
Fakânsjefierders boeke let
Bleckman tinkt dat de situaasje fan foar de coronakrisis net wer weromkomt. "Mensen zijn zich veel meer bewust van de gevolgen van vliegen. Misschien gaan ze daardoor veel meer in Nederland op vakantie. Het is lekker dichtbij en als het mooi weer is, is Nederland een prachtig land."

Oar publyk

"Het is wel een ander publiek", konstatearret Bleckman. "Van die mensen die eigenlijk naar Italië hadden gewild en per se drie weken mooi weer willen hebben. Als het dan regent, is het niet leuk."
Troch it lette boeken, binne de fakânsjeparken wat fleksibeler. "Het is leuk dat je op 1 maart nog niet helemaal vol zit. Dan kun je iedereen die nog wil boeken iets bieden."
Ferslachjouwer Mats Gies op twa fakânsjeparken