Sjoch hjir hoe't boppe Snits de sinne opgong op de langste dei fan it jier

De earste sinnestrielen boppe de Snitser Mar
It is 21 juny, de dei mei de measte ljochtoeren fan it hiele jier. Mei mar in bytsje bewolking en dize oer de greiden soarge it opkommen fan de sinne moarns betiid foar moaie bylden.
Op dizze tiisdei is it eksakt 16 oeren en 58 minuten ljocht yn Fryslân. De sinne giet om 05.09 oere op en jout him jûns om 22.07 oere wer del. Yn ferliking: op de koartste dei is it mar 7 oeren en 31 minuten ljocht.
De sinne stiet op dizze tiisdei it heechst oan de himel. Dêrmei is it ek de dei fan de sinnekear. De kommende seis moannen komt de sinne wer hieltyd leger oan de himel te stean.

In langste dei mei sinneskynwaar

It is njonken de langste dei ek de dei dat de simmer begjint, en it waar is dêr ek neffens. De sinne skynt folop, der is allinnich wat hege bewolking en hjir en dêr in platte steapelwolk.
De middeistemperatuer komt op de Waadeilannen út op 18 of 19 graden, wylst de súdeastlike parten fan ús provinsje wearden krije om 21 of 22 graden hinne. De sinnekrêft is fierder heech, mei in UV-yndeks fan 7 (op de skaal fan 10).