Nick Doodeman fan Cambuur nei Willem II

Oanfaller Nick Doodeman stapt oer fan SC Cambuur nei Willem II. Doodeman spile it ôfrûne oardel seizoen by de Ljouwerters.
Doodeman spile yn totaal 30 wedstriden foar Cambuur. Dêryn makke hy twa doelpunten. Hy tekenet in kontrakt foar trije seizoenen by Willem II.
Earder makke Erik Schouten ek al de oerstap fan Cambuur nei de Tilburgers. Willem II degradearre it ôfrûne seizoen út de earedivyzje.