Marrit Steenbergen hellet finale net op WK swimmen yn Boedapest

Marrit Steenbergen © Orange Pictures
Marrit Steenbergen is der net yn slagge om har foar de finale fan de 200 meter frije slach te pleatsen op it WK yn Boedapest. Se swom de fyftjinde tiid fan de heale finales (1.58,93).
It Fryske swimtalint moast by de earste acht sitte om de finale te heljen. De Britse Freya Anderson kwalifisearre har yn Hongarije mei de rapste tiid wol foar de einstriid (1.56,05).
Yn de searjes sette Steenbergen noch de trettjinde tiid yn totaal del (1.58,33). Se wie yn de heale finales dus krekt wat stadiger.