Tûzenen euro's skea troch fernielingen by nije camping yn Wommels

Skea oan in stek yn Wommels © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Op meardere plakken yn Wommels binne it ôfrûne wykein saken fernield. By camping De Appelhof wienen fernielingen yn it sanitêrgebou en op it terrein fan de jachthaven.
It soe gean om inkelde tûzenen euro's skea. Neffens eigener Iris de Boer fan De Appelhof, dy't yn maaie foar it earst iepengie, ha twa groepen fan yn totaal 15 oant 30 man de skea oanrjochte.
Fandalisme by nije camping De Appelhof yn Wommels
"Alles wie oer de kop helle", seit De Boer. "Hjir dogge je it net foar. Ik besykje Wommels krekt in stimulâns te jaan mei de komst fan de nije camperplakken en mooglik ek it opknappen fan de jachthaven. Dan is dit skande."
Op de camping waarden ek in slachboom en wolkomsbuorden fernield. Boppedat is der ek skea by swimbad De Klomp. "Se binne dêr troch it stek hinne gien. Dat is ek folslein skansearre", seit De Boer.
Ek de slachboom op de camping waard fernield © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Nei de fernielingen is fuort de plysje ynskeakele. Neffens De Boer en in meiwurker fan it swimbad is der al in oantal minsken oanhâlden, mar is de folsleine groep noch lang net fûn. Der wurdt noch sjoen oft de dieders op kamerabylden stean. De Boer hopet ek dat minsken dy't wat witte, harren melde by de plysje.
De plysje wol de oanhâldingen net befêstigje. Wol is der tsjin fjouwer persoanen proses-ferbaal opmakke, om't se ynbrutsen hienen op it terrein fan it swimbad.
Ferslachjouwer Earryt Sijens oer de fernielingen
Iris de Boer fan de camping