Restauraasje yn Museum Martena bringt beskildere behang wer foar it ljocht

Johanneke Verhave by it wurk © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Yn Museum Martena yn Frjentsjer wurdt it beskildere behang restaurearre, dat begjin achttjinde iuw makke is foar de eigners, Suffridus Westerhuis en Titia Bogarda.
Beskildere behang wie doedestiids hiel bysûnder, it wie allinne noch mar te sjen yn keninklike paleizen. De restauraasje hat hiel wat fuotten yn it gat, want de doeken kinne net allegear út de seal wei dêr't se hingje. Dêrom wurde se foar in part op it plak sels yn it museum oanpakt. Op it behang is in lânskip te sjen mei heuvels, wetterpartijen en kastielen.
Beskildere behang Museum Martena wer te sjen
Der wurdt no wurke oan in doek fan trije meter breed en fjouwer meter heech. "We halen eerst met een krabber een oude restauratie weg die in de jaren vijftig is opgezet en we halen oude vernislagen van het doek", seit restaurator Johanneke Verhave. "Onder heb ik al schoon gemaakt, daar is de lucht mooi blauw en helder en boven moet nog, daar is een dikke gele laag, waardoor de lucht bijna groen is."
Restauraasje fan it behang yn Museum Martena © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Dat fernis dat yn de fyftiger jierren oanbrocht waard, is dien mei in natuerlik materiaal. "Dat hars wordt geel door de jaren, dus dan moet dat weer worden weggehaald." De oplosmiddelen dy't se brûke, wurde fia in ynstallaasje fuortsûgd. "En we hebben ook gasmaskers op, dus we zijn helemaal beschermd en ingepakt."

Hiele keamer is bysûnder

It giet net inkeld om de skilderijen. "De eigenaar heeft de hele kamer destijds als een concept laten ontwerpen. Naast de mooie schilderijen, is de hele kamer als een soort trompe-l'oeil beschilderd. Alsof je in een heel rijk geornamenteerde kamer terechtkwam met pilasters tegen de muren en doorkijkjes naar het plafond. In de loop der jaren zijn er verschillende lagen overheen gekomen door verschillende eigenaren, want de smaak veranderde ook."
Roos Keppler oan it wurk © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort seach by it wurk
Digitale rekonstruksje fan de seal nei de restauraasje © RCE, digitale bewurking I. de Moor
Nei in soad ûndersyk kin it wer yn orizjinele steat werombrocht wurde.

Topstik

Manon Borst, direkteur fan it museum, is wiis mei de restauraasje. "Het is zo'n belangrijke kamer en we vinden dat hij weer in oude luister moet worden hersteld. Het is een van de eerste kamers in een burgerlijk huis dat rond 1700 zo mooi versierd is. Daarom is het een topstuk."
De keamer moat yn de hjerst fan 2023 klear wêze.