Fûgelgryp rint út op grutte krisis; partijen oerlizze oer plan fan oanpak

In deade klikstirns © Natuurmonumenten
De fûgelgryp rint stadichoan út op in grutte krisis. Fan de waadeilannen, mar ek út de provinsje komme meldingen fan deade fûgels. Mei de Veiligheidsregio is moandei oerlis oer de oanpak fan de krisis.
Op de waadeilannen binne meardere deade klikstirnsen oanspield. "Op Skiermûntseach is in deade klikstirns fûn, mei in ring oan de poat. Dy wie ringe op It Gryn op 11 juny 1994. Kinst neigean, dat bistje is 28 jier hinne en wer flein nei Nij-Seelân en It Gryn om dêr te brieden", fertelt Jan Willem Zwart fan Natuurmonumenten.
De sitewaasje op It Gryn foel net ôf. "Fûgelwachter Jan Veen wie dêr dit wykein. Hy trof in soad deade piken oan fan de klikstirns en wat folwoeksen kobben en strânljippen, mar net de tûzenen dy't we ferwachten. It kin wêze dat in diel fan de earste briedsels al klear is en alwer fuort is."

Duvelsk dilemma

Ien fan de punten om by it oerlis te bepraten, is wat te dwaan mei de deade bisten. "Dat is in duvelsk dilemma. It giet krekt om fûgels dy't yn koloanjes briede. As je de koloanje binnengean om se op te romjen, dan fersteurst de rest en hast boppedat kâns om it firus fierder te fersprieden. Of moatst se lizze litte, mar dan is der ek kâns op besmetting. De fûgelwachter op It Gryn hat se romme en djip bedobbe."
Fûgelgryp rint út op grutte krisis
By it bepraten fan it plan fan oanpak binne ferskate partijen. "Elkenien hat syn eigen ferantwurdlikheid, de wylde fûgels sitte oeral, en witte we dat fan elkoar. De gemeente moat de kadavers ôffiere, it wetterskip hat in registraasje-app en de Veiligheidsregio hat in koördinearjende rol."
In deade goes © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Net allinne op de eilannen en by de kust wurde deade bisten oantroffen. "Yn de provinsje binne ek ferskate koloanjes, lykas by it Hegewiersterfjild. Dêr binne ek in hiele protte deade bisten fûn. Op Texel binne se hast allegearre dea. Dêr bliuwt neat fan oer."

Net oankomme

Zwart ropt om om deade bisten gewurde te litten as minsken se lizzen sjogge. "Net oankomme. De fûgelgryp is noch net ien op ien oerdraachber op de minske, mar it sit der wol hiel ticht by. It kin oerdroegen wurde op fleisitende bisten as katten, hûnen en foksen. Dat is reedlik ticht by de minske. As dat oerslacht, binne we noch fierder fan hûs."
It hat ek gjin doel om sike bisten nei de biste-ambulânse of bistedokter te bringen. "Dy kinne der neat mei, dus lizze litte."
Jan Willem Zwart