Winst foar partoer Bergsma yn Sint-Jabik, Kootstra kening

Kening Hendrik Kootstra © Henk Bootsma
Nei in spannende finale ha Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra it keatsen yn Sint-Jabik wûn. Se fersloegen Tjisse Steenstra, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar mei 5-4 6-0.
It wie in tige oantreklike finale nei in fierder wat teloarstellende keatsdei. De finale gong lang lykop. Steenstra-en-dy kamen twa kear op in earst foarsprong, mar beide kearen kaam it partoer fan Bergsma werom. Dy pakte op 2-2 6-4 foar it earst de foarsprong.
Se koenen dêrnei hast in spul foarsprong pakke, mar op 3-2 6-6 krige Hans Wassenaar de bal krekt foarby de keats, wêrtroch't it wer lyk wie.
Troch in opslachmisser fan Bergsma - net syn earste - kamen Steenstra-en-dy wer op foarsprong: 4-3. Mar doe wie it wer it partoer fan Bergsma dat twa buordsjes achterelkoar pakte en noch mar ientsje nedich hie foar de winst.
Dat dienen se fuortendalik: mei in bûtenslach fan Tjisse Steenstra op 5-4 6-0 wie de oerwinning foar Bergsma-en-dy binnen.
Hendrik Kootstra waard útroppen ta kening.
Der moast wat risiko yn de opslach, kinst der net samar in bal hinne goaie.
Marten Bergsma
"It wie in moaie finale", fûn Bergsma. "Wol in pear foutsjes, mar dat komt trochdat beide partoeren goed steane te keatsen. Der moast wat risiko yn de opslach, kinst der net samar in bal hinne goaie."
Dat syn partoer de finale wûn, nettsjinsteande mear opslachmissers, wie te tankjen oan it sterke spul yn it perk. "We pakke dit mei de keatsen. It perk wie moai op dreef."
Ferliezend finalist Renze Pieter Hiemstra fûn de finale hielendal net sa goed. "Spannend wol, mar net goed. Us opslach wie deegliker, mar wy ha der mei it perk te min tsjinoer set."
Marten Bergsma, kening Hendrik Kootstra en Dylan Drent © Henk Bootsma
It partoer fan Bergsma hie him sûnder al te folle swit pleatst foar de finale. Yn de earste omloop waarden Paul Dijkstra, René de Haan en Hendrik Bouwhuis mei 5-1 6-2 oan de kant set.
In omloop letter fersloegen se Enno Kingma, Jacob Wassenaar en Menno van Zwieten mei deselde sifers. Bergsma-en-dy hienen yn de heale finale in steand nûmer.

Spanning by Steenstra tsjin Van der Bos

Steenstra-en-dy stienen samar yn de heale finale. Nei in oerwinning mei 5-1 6-2 op Youri de Groot, Allard Hoekstra en Laas Pieter van Straten wie it al safier, want yn de twadde omloop hienen se in steand nûmer.
Yn de heale finale tsjin Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Patrick Scheepstra gong it earst ek as it slydjaget, mar dy kamen sterk werom ta 5-5. Yn it lêste earst fûn it trio Steenstra de foarm werom: 6-0.

Frouljuswinst foar partoer Tuinenga

Ilse Tuinenga, Louise Krol en Sjanet Wijnia wûnen by de froulju. Yn de finale wienen se fierstente sterk foar Anna Berber Zeinstra (ferfong Wybrig Bakker), Corrie Kroondijk en Fiera de Vries: 5-0 6-4.
Keninginne Ilse Tuinenga, mei links Sjanet Wijnia © Henk Bootsma
Yn de pûl hienen Tuinenga-en-dy it oare favorite partoer ferslein, dat fan Nynke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra.
Louise Krol, Ilse Tuinenga en Sjanet Wijnia © Henk Bootsma