Fries yn Lviv: noch wol wat nedich foardat Oekraïne klear is foar EU

Volodymyr Zelensky (presidint Oekraïne) en Emmanuel Macron (presidint Frankryk) © ANP
Oekraïne is net klear foar it EU-lidmaatskip. Dat seit Willem Nammensma. Hy komt út Fryslân, mar wennet en wurket al in skoft yn it Oekraynske Lviv.
De Europeeske Kommisje wol Oekraïne it stimpel fan kandidaat-lid fan de EU jaan en ek Nederlân sjocht dat sitten. It duorret dan noch wol jierren foardat Oekraïne echt lid wurde kin fan de EU, it moat dêrfoar noch oan tal fan kritearia foldwaan.
"Oekraïne ferskilt hiel bot mei wat wy yn Europa opboud ha en hoe't Europa funksjonearret", seit Nammensma, "Ek kwa noarmen en wearden."
Der binne genôch oerheidsynstânsjes en minsken dy't net op deselde line sitte as it Westen.
Willem Nammensma
De jonge generaasje wol him wol oanpasse, tinkt de âld-ynwenner fan Seisbierrum. Benammen yn it westen fan it lân.
"Mar der binne genôch oerheidsynstânsjes en minsken dy't net op deselde line sitte as it Westen." Dan moat der wol in grutte feroaring komme, seit Nammensma.
Willem Nammensma by in kleaster, flakby de grins mei Roemenië © Eigen foto
Dy feroaring moat der ek komme op it mêd fan wetjouwing. "In soad wetten en regels binne noch basearre op Sovjet-Uny-tiden. Dy binne sa skreaun dat se net op neilibbing te kontrolearjen binne."
En dat kin liede ta korrupsje, neffens Nammensma. Ast net foldwaan kinst oan guon easken, dan joust de ynspekteur jild sadat dy it troch de fingers sjocht.

Homorjochten

Hy tinkt ek dat Oekraïne noch net fier genôch is mei homorjochten, al kin dat yn de takomst wol better wurde. "Wat fierder ast út Nederlân nei it easten giest, wat dreger as it mei de homorjochten is. Mar it sil hjir ek komme. Dat is in kwestje fan tiid en akseptaasje."
Oer de oarloch is Nammensma somber. "Benammen yn in part fan it easten is Ruslân stappen oan it setten. Se binne enoarm bot oan it bombardearjen om mar terrein te winnen."

Protte materiaal kwyt

Oekraïne boekt ek wolris in sukseske, mar in hiel soad is it neffens de Fries net.
"It freget in enoarm soad fan de Oekraynske striidkrachten. It lân is ek al 50 prosint kwytrekke fan al it materiaal. Ruslân is ek in soad kwytrekke, mar dy ha ek noch in hiel soad achter de hân."
Oekraynske militêren fjoere in houwitser ôf rjochting Russyske troepen yn de regio Donetsk © ANP
Presidint Zelensky freget al skoften om mear help fan westerske lannen. "Der wurdt ek wol alle kearen wat stjoerd, mar it is krekt net genôch om echt wjerstân te bieden."
"De houwitsers bygelyks: dy binne wol effektyf, mar Zelensky hie frege om 1.000. Der binne no sa'n 30 oankommen. Dus dat stiet yn gjin ferhâlding ta wat der nedich is."

Gjin ljochtpuntsjes

Ljochtpuntsjes sjocht Nammensma op it stuit net. "It is hiel lestich. Ik kin net samar sizze dat Oekraïne aanst wint en dat alles wer sa wurdt sa't it wie. Dêr bin ik net sa posityf oer."