FIDEO: Bosktsjinst út de Grutte of Jakobiner Tsjerke yn Ljouwert wei

Omrop Fryslân stjoert alle sneinen in tsjerketsjinst mei in oekumenysk karakter út. Dizze snein komt de tsjinst út de Grutte of Jakobiner Tsjerke yn Ljouwert wei.
Dat hat alles te krijen mei it Arcadiaprojekt Bosk. De 'kuierjende beammen' stean ek yn de tsjerke.
De foargongers fan dizze Bosktsjinst binne de dûmnys Trees van Montfoort en Jan-Jaap Stegeman. Organist is Lukas Jan Schoonbeek. Fierdere muzikale meiwurking komt fan it koar de Jacobijner Cantorij, ûnder lieding fan Rianne Meinardi.