Wisse Broekstra ljept fierder as de senioaren yn Drylts mei nij skânsrekôr

Sûnder yn de finale te springen hat Thewis Hobma it fierljeppen by de senioaren wûn yn Drylts. De fierste sprong fan de dei wie lykwols foar Wisse Broekstra: hy notearre in nij skânsrekôr by de junioaren: 20,08 meter.
Yn de achtste wedstriid fan de earste klasse kamen de senioaren net fierder as 19,40 meter. Dy ôfstân notearre Hobma mei syn lêste sprong yn de foarronde. It wie syn bêste sprong fan it seizoen oant no ta.
Yn de finale bleau Hobma oan de kant mei lichte spierklachten. Syn konkurrinten koenen mei dy twa ekstra sprongen ek gjin potten brekke. Sytse Bokma sprong twa kear wiet en bleau dêrmei hingjen op 19,35. Rutger Piersma waard tredde yn 19,30, ek in ôfstân dy't er al by de foarronde notearre hie.
De nûmers 1 en 2 fan it klassemint spilen gjin rol fan betekenis. Oane Galama en Freark Kramer hellen beiden de finale net. Kramer nimt wol de liederstrui oer fan Galama.
De fierste sprong fan de dei kaam dus op namme fan in junior. Wisse Broekstra kaam mei syn twadde sprong yn de foarronde ta 20,08. Dat wie twa sintimeter fierder as it âlde skânsrekôr, dat ek al op syn namme stie.
De hichtepunten fan it fierljeppen yn Drylts
Germ Terpstra kaam twa kear ta 17,93 meter en waard dêrmei twadde by de junioaren. It tredde plak wie foar Riemer Durk Krol, yn 17,82.
It is net foar it earst dat Broekstra fierder ljept as alle senioaren. Yn maaie die er yn Bûtenpost itselde.

Van der Wal wint by froulju

By de froulju gong de oerwinning nei klassemintslieder Marrit van der Wal. Dy ljepte mei har allerearste sprong nei 15,71. Dêrnei helle se noch in kear 15,70. Femke Brouwer waard twadde yn 14,86 en it tredde plak wie foar Sigrid Bokma (14,40).
Timo van der Knaap pakte de oerwinning by de jonges mei in sprong fan 17,13 meter. Dat wie krekt gjin persoanlik rekôr. Berber de Vries kaam by de famkes it fierst: 14,77.