Leo Popma krijt Rink van der Veldepriis foar 'It sket fan Toussaint'

Leo Popma © Sirkwy
Leo Popma hat hjoed de Rink van der Veldepriis krigen. Hy krijt de twajierlikse priis foar syn roman 'It sket fan Toussaint'.
Popma (84) brocht it priiswinnende boek út yn 2020. 'It sket fan Toussaint' giet oer in krimpdoarp en de striid fan de minsken yn dat doarp tsjin de delgong. Ien fan de ynwenners begjint mei protestaksjes.
De Rink van der Veldepriis is in inisjatyf fan de gemeente Smellingerlân, yn 'e mande mei de Stifting Frysk Letterkundich en Dokumintaasjesintrum.
De fysike priis is in byld, makke troch Anne Woudwijk. Popma krige dy priis yn restaurant It Polderhûs op De Feanhoop út hannen fan boargemaster Jan Rijpstra.

Betsjutting Van der Velde

Mei de priis wolle de inisjatyfnimmers de oantins oan Rink van der Velde libben hâlde en syn betsjutting foar it Fryske proaza ûnderstreekje.
Dit jier is de Rink van der Veldepriis foar de tsiende kear útrikt. De priis is bedoeld foar skriuwers dy't, krekt as Van der Velde, literêr proaza skriuwe yn ien fan de sjenres dy't Van der Velde ek beoefene. Dat kin dan yn it Frysk of yn ien fan de streektalen dy't yn Fryslân brûkt wurde.

Eardere winners

De earste winner fan de priis wie Koos Tiemersma yn 2004. Dêrnei krigen Harmen Wind, Auck Peanstra, Arjen Terpstra, Ferdinand de Jong, Ale S. van Zandbergen, Anne Feddema, Willem Schoorstra en as lêst Johan Veenstra de priis.