Tredde WK-sulver foar swimster Liesette Bruinsma

Liesette Bruinsma © Orange Pictures
Liesette Bruinsma hat sneon in sulveren medalje pakt op de 400 meter frije slach op it WK paraswimmen op it Portugeeske eilân Madeira.
Bruinsma finishte yn in tiid fan 5.17,18, op sawat 15 sekonden fan de Amerikaanske winner Anastasia Pagonis. Yn it earste part fan de race koe Bruinsma Pagonis aardich byhâlde, mar troch in pear minne kearpunten ferlear se fluch terrein.
It is de tredde sulveren medalje foar de Wommelse op dit WK. Earder waard se twadde op de 50 en 100 meter frij.