Oerol praat oer earmoed: wrakselje mei de sinten

De foarstelling Hier valt niets te halen © Omrop Fryslân
As je mar je bêst dogge, dan wurde je net earm yn in ryk lân as Nederlân. Dat tocht keunstner Maarten Smit fan it Wabi Sabi-teäter. Hy ynterviewde minsken yn it Noarden dy't net in soad sinten om hannen ha.
En doe kaam er wol ta in oare konklúzje. Hy makke fan syn befinings de foarstelling Hier valt niets te halen mei Het Houten Huis en PeerGroup. Yn de dunen fan in hotel op West sjocht it publyk hoe't in âldere frou, in wurkleaze man en in famke wrakselje.
Oerol: libje yn earmoed
Marloes de Bie docht nei elke foarstelling har ferhaal. "Het meisje dat dacht dat haar moeder naar de gevangenis ging, is mijn dochter", fertelt se it publyk.
Mei har twa masters hie De Bie ek net tocht dat it har oerkomme soe; libje yn earmoed. Se is derút kaam en wol graach it Oerolpublyk fertelle oer it grutter wurdende maatskiplike probleem fan earmoed en wat je dwaan kinne. Lykas? "Blijf naar mensen kijken. Wees die ene persoon."
Oerol is fan freed 10 oant en mei snein 19 juny. Tsien dagen binne der foarstellingen, konserten, lytse optredens, lânskipskeunst en ekspedysjes op Skylge. Omrop Fryslân is derby en docht hjirfan ferslach op radio, tv en online. Fan moandei oant en mei sneon komt der om 18 oere in ferhaal online.