Soargen oer stikstofoanpak wurde allinnich mar grutter yn bousektor

Foarsitter Maxime Verhagen fan Bouwend Nederland © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De noed fan Bouwend Nederland oer de stikstofkrisis is de ôfrûne wike, nei de presintaasje fan de kabinetsplannen, allinnich mar tanaam. Dat sei foarsitter Maxime Verhagen fan de belange-organisaasje fan de bousektor.
Verhagen die syn útspraak by de lanlike iepening fan de Dei fan de Bou op de Ofslútdyk by Den Oever. Der moatte de kommende jierren lanlik in miljoen huzen bykomme. Ek it omskeakeljen nei duorsumere foarmen fan enerzjy freget in soad fan de bousektor.

Gjin komplot

Mar it op tiid krijen fan boufergunnings kin de boel noch behoarlik frustrearje, sa tinke de bouwers. Want dêrfoar moat de stikstofútsjit in hiel stik omleech.
De soargen oer it tempo wêrop't dat bart, binne by Verhagen allinnich mar tanaam: "Zeker als je kijkt naar de weerstand dat het voorstel met zich meegebracht heeft." Verhagen tinkt net dat efter de stikstofproblemen in komplot sit om op it lân fan boeren te bouwen. "Dat is echt flauwekul."
Bouwend Nederland hat noed oer stikstofkrisis
Hy wiist derop dat Bouwend Nederland mei boere-organisaasje LTO ek in plan ûntwikkele hat foar de stikstofproblemen. Fierder rinne sy lykas de boeren tsjin útspraken fan de rjochter oan.
En dat is net it iennige. Verhagen: "Als je bijvoorbeeld naar het totale ruimtebeslag kijkt, dan heb je het over zo'n twee procent van de landbouwgronden. Het is echt niet zo dat wij landbouwgrond willen afpakken."
Minister Mark Harbers fan Ynfrastruktuer en Wettersteat © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Verhagen iepene de Dei fan de bou mei minister Mark Harbers fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. De minister koe syn soargen net gelyk weinimme.
Harbers: "We hebben de afgelopen jaren ook gezien dat allerlei bouwprojecten te lijden hebben onder het feit dat ze geen vergunning krijgen. Of het nu wegenbouw, openbaar vervoer, woningen of de energietransitie is."
"Ik kan Verhagen zijn zorg vandaag niet wegnemen, maar ik kan wel zeggen dat we er hard aan werken" seit Harbers. "Het laat eens temeer zien dat de koers die het kabinet heeft gekozen om het stikstofprobleem op te lossen broodnodig is. We hebben betere natuur nodig. En als we die betere natuur hebben, kunnen we ook weer allerlei andere dingen in de omgeving doen."

Hoopfol

Likegoed Harbers as Verhagen binne wol hoopfol oer it feit dat de bousektor mei hieltyd minder útstjit bout. It ministearje en de bouwers witte elkoar boppedat goed te finen om problemen op te lossen. Harbers joech lykwols wol ta dat syn ministearje leare moat fan de problemen by de bou fan de nije Ofslútdyk.