Liveblog | 19 juny

Frysk talint ferslacht olympysk kampioen | Darters ûnderút op WK

Yn dit blog bringe we de lêste ûntwikkelingen oangeande de sport yn Fryslân. Mei dizze snein:

  • Twa kear wrâldbekergoud foar roeister Ymje Clevering yn Poalen;
  • De Nederlânske follybalsters winne foar it earst yn de Nations League;
  • Freerk Blom fan Hylpen hat de Ronde om Texel wûn yn de nije olympyske IQ-Foil-klasse.
Bywurke: 19 juny, 19:49
snein 19 juny
20:00

Tank foar it folgjen

Oant safier it belangrykste Fryske sportnijs fan dit wykein. Noflike jûn noch!
19:46

Darters ûnderút

Darters Danny Noppert (fan De Jouwer) en Dirk van Duijvenbode ha net foar in ferrassing soargje kind yn de heale finale fan it WK foar lanneteams. Wales wie te sterk foar it Nederlânske team.
Noppert ferlear mei 4-1 fan de nûmer twa fan de wrâld, Gerwyn Price. Dirk van Duijvenbode hie in beslissende dûbeldwedstriid ôftwingje kind, mar hy gong ûnderút tsjin Jonny Clayton: 4-2.
19:24

Jonge Fryske foiler wint fan Kiran Badloe

Freerk Blom wint de Ronde om Texel © Dirk Blom
Wynfoiler Freerk Blom (18) fan Hylpen hat de Ronde om Texel wûn yn de nije olympyske IQ-Foil-klasse. Ien fan syn tsjinstanners wie Kiran Badloe, olympysk kampioen yn Tokio yn de RS:X-klasse.
Dy klasse ferdwynt by de kommende Olympyske Spelen en wurdt dan ynruile foar it nije ûnderdiel foiling. Dêrby surfe de dielnimmers in meter boppe it wetter en helje se in hegere snelheid as yn de âlde klasse.

"Ongelofelijk zwaar"

Mei syn oerwinning pakt Blom ek de nasjonale titel. Hy kaam nei 3 oeren, 56 minuten en 35 sekonden oer de finish. "Het was echt ongelofelijk zwaar", seit er yn in reaksje tsjin Roundtexel.com.
"Het was een heel licht windje, dus het was een kwestie van pompen, pompen, pompen en zorgen dat je eruit komt. Dat je meters kan maken, het was echt wachten op de vlaagjes. En gewoon gaan en niet loslaten."

Krekt slagge foar eksamen

Yn de tarieding op de Ronde om Texel hat Blom in koart trainingskamp dien mei Adriaan van Rijsselberghe, de broer fan âld-olympysk kampioen Dorian. "Die heeft zeker hier zoveel ervaring, daar pak je dan snel een hoop informatie van op. Ik ben net geslaagd voor mijn vwo-examen, dus we kunnen nu na eigenlijk vier weken niet gevaren te hebben weer een reeks van wedstrijden gaan varen. Het was gewoon top, echt superleuk."
Foiling stiet op it programma by de Olympyske Spelen fan Parys 2024. Freerk Blom rjochtet him op de Spelen yn Los Angeles, fjouwer jier letter. Hy sit yn in talintetrajekt foar dy Spelen.
18:15

Bergsma ferslacht Steenstra

Nei wat teloarstellende earste omlopen is it keatspublyk yn Sint-Jabik noch ferwend mei in spannende heale finale en finale.
De winst gong nei Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra. Dy wienen yn de einstriid mei 5-4 6-0 te sterk foar Tjisse Steenstra, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar.
17:39

Anouska Koster twadde by rentree

Anouska Koster © Martijn Adema
Hurdfytster Anouska Koster hat nei twa moannen har rentree makke yn it peloton. Yn de Luba Ladies Classic (yn en om Noordwijk, Súd-Hollân) waard se fuortendaliks twadde.
De hurdfytster út De Westereen sprong mei Femke Markus fuort út in elitegroepke. Yn de sprint wie Markus te rap.
It wie Koster har earste wedstriid sûnt Luik-Bastenaken-Luik, ein april. Dêryn waard se fjirtjinde.

NK yn Emmen

Kommende woansdei rydt Koster it NK tiidriden yn Emmen. It wykein dêrnei is it NK op de dyk.
17:06

Noppert yn heale finale

Darter Danny Noppert yn it tenu fan Nederlân © ANP
De Jouster darter Danny Noppert stiet jûn mei Dirk van Duijvenbode yn de heale finale fan de World Cup of Darts, in darttoernoai wêryn't lannen it tsjinelkoar opnimme.
Nederlân wûn sneintemiddei mei 2-0 fan Noard-Ierlân. Noppert wie mei 4-2 te sterk foar Daryl Gurney. Dêrnei wûn Van Duijvenbode mei 4-3 fan Brendan Dolan.
De heale finale yn Frankfurt is om 19.10 oere. Dan nimt Nederlân it op tsjin Wales, mei Gerwyn Price en Jonny Clayton. Yn de oare heale finale steane Australië en Ingelân.
16:41

Tuinenga-en-dy winne Sint-Jabik

Ilse Tuinenga, Louise Krol en Sjanet Wijnia ha it haadklassekeatsen yn Sint-Jabik by de froulju wûn. Yn de finale wienen se fierstente sterk foar Anna Berber Zeinstra (foel yn foar Wybrig Bakker), Corrie Kroondijk en Fiera de Vries: 5-0 6-4.
Yn de pûl hienen Tuinenga-en-dy it oare favorite partoer ferslein, dat fan Nynke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra.

Manlju

De manljusfinale giet aanst tusken Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra oan de iene kant en Tjisse Steenstra, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar oan de oare kant.
16:38

De hichtepunten fan it fierljeppen yn Drylts

De hichtepunten fan it fierljeppen yn Drylts
15:46

Kalma nei hûs

Fenna Kalma © Orange Pictures
Foar fuotbalster Fenna Kalma sit it trainingskamp yn oanrin nei it EK derop. De fuotbalster út Haskerhoarne wie mei as reserve, foar it gefal in oare spylster blessearre reitsje soe bygelyks.
Sherida Spitse en Kerstin Casparij sitte wol by de definitive seleksje foar it Europees kampioenskip fuotbal. Dat is dizze simmer yn Ingelân. It EK begjint op woansdei 6 july. Nederlân komt foar it earst yn aksje op 9 july tsjin Sweden.
15:39

Twadde WB-goud Clevering

It is in moai wykein foar roeister Ymkje Clevering. Se wint mei Veronique Meester net allinnich yn de twa-sûnder stjoerfrou, mar ek mei de frouljus-acht pakt se goud.
De boat, dy't fierder bestiet út Benthe Boonstra, Laila Youssifou, Hermijntje Drenth, Marloes Oldenburg, Roos de Jong, Tinka Offereins, Veronique Meester en stjoerfrou Dieuwke Fetter, wie goed fiif sekonden rapper as Denemarken. Australië pakte it brûns.
14:49

Jan van der Bij fjirde

Foar roeier Jan van der Bij wie der yn de dûbeldfjouwer krekt gjin medalje op de wrâldbeker yn Poalen. Mei Abe Wiersma, Finn Florijn en Jacob van der Kerkhof einige er as fjirde yn de finale.
De winst gong nei Sina, foar Estlân en Poalen.
11:59

Ymkje Clevering roeit nei earste plak yn Poalen

Ymkje Clevering en Veronique Meester © Orange Pictures
Roeister Ymkje Clevering fan Haulerwyk is snein mei har partner Veronique Meester earste wurden op de wrâldbekerwedstriden yn Poznan yn Poalen by de twa-sûnder stjoerfrou. Se bleaune de nûmer twa goed in sekonden foar. Dat wie it Amerikaanske duo Wanamaker/Collins.
It tredde plak wie foar it Ierske twatal Hegarty en Murtagh.
De Drachtster Jan van der Bij komt snein yn aksje yn de finale fan de dûbeld fjouwer. Dy wedstriid is om 13.23 oere.
11:18

Earste oerwinning follybalfroulju

Follybalster Marrit Jasper © ANP Foto
Marrit Jasper hat mei de Nederlânske follybalfroulju de earste oerwinning behelle yn de Nations League. It team ûnder lieding fan bûnscoach Avital Selinger wûn yn Brasilia fan Súd-Koreä. Oranje bliuwt nettsjinsteande de oerwinning op it foarlêste plak stean en hat no 6 punten. Súd-Koreä is sechstjinde en lêste en hat noch gjin punten.
Nederlân giet nei de Nations League fierder mei wedstriden yn it Kanadeeske Calgary. Dy binne ein juny en begjin july.
10:00

Wolkom werom

Fan hjir ôf kinst de sport fan snein folgje.
sneon 18 juny
22:00

Dat wie it foar hjoed

De Fryske sportdei komt ta in ein, mar moarn binne we der fansels wer om jo op de hichte te hâlden fan it lêste sportnijs. We sille ûnder mear de wrâldbeker roeien en it haadklassekeatsen yn de gaten hâlde.
Foar no in noflike jûn en graach oant moarn.
21:50

Wisse Broekstra ljept wer fierder as alle senioaren

Hy die it earder dit seizoen ek alris: fierder springe as alle senioaren. Dan hawwe we it oer Wisse Broekstra fan Tsjummearum. Broekstra sprong yn Drylts by de achtste fierljepwedstriid fan it seizoen in ôfstân fan 20,08 meter. Dêrmei ferbettere hy syn eigen skânsrekôr mei twa sintimeter.
By de senioaren wie Thewis Hobma de bêste mei 19,40 meter.
20:51

Haadklasse wurdt Fjirde divyzje

Bûtenpost nei de wedstriid tsjin Eemdijk, ein maaie © Orange Pictures
VV Bûtenpost spilet takom seizoen yn de fjirde divyzje. Dat wurdt mei yngong fan takom seizoen de nije namme fan wat oant no ta de haadklasse wie.
De lederied amateurfuotbal hat hjoed ynstimd mei dy wiziging, ien fan de feroaringen dy't de KNVB trochfiere wol yn it amateurfuotbal.
Idee achter de nammeferoaring is dat de namme fan de kompetysje dan better oanslút by de oare kompetysjes, lykas de twadde en tredde divyzje.

Minder klassen

Under de fjirde divyzje komt dan de earste klasse, twadde klasse ensafuorthinne. Dêr sille ek saken feroarje. It totale tal pûls yn de earste, twadde en tredde klassen wurdt werombrocht.
Yn de earste klasse giet it fan 11 nei 8 pûls, yn de twadde klasse fan 22 nei 16 en yn de tredde klasse fan 42 nei 32.

Optimale piramide

Dat betsjut dat der oan de ein fan de twa kommende seizoenen mear ploegen degradearje sille. De KNVB seit dat dan de 'optimale fuotbalpiramide' in feit is yn it seizoen 2024/2025.
20:17

Steenstra, Hiemstra en Wassenaar winne yn Balk

By de manljuswedstriid fan it keatsen yn Balk hawwe Tjisse Steenstra, Kevin Jordy Hiemstra en Hans Wassenaar de oerwinning pakt.
Yn de finale wienen se mei 5-3 6-4 te sterk foar Gert Anne van der Bos, Bauke Dijkstra en Pieter Jan Leijenaar. Yn de heale finale hie it winnende partoer al ôfrekkene mei Paul Dijkstra, Taeke Triemstra en Hendrik Bouwhuis (5-2 6-2).
19:59

Estafetteswimsters sânde

De Nederlânske estafetteswimsters, mei Marrit Steenbergen fan Easterwâlde as startswimster, binne op it WK sânde wurden op de 4x100 meter frije slach.
Steenbergen swom sterk. Se tikte nei har 100 meter oan yn 53,41. Nederlân lei doe op it tredde plak. Dêrnei koenen Tessa Giele, Kim Busch en Valerie van Roon dy posysje net fêsthâlde. Nederlân finishte yn 3.38,18.
De wrâldtitel gong nei Australië yn 3.30,95. Dy wienen in goede sekonde rapper as Kanada. It brûns gong nei Amearika.
De estafetteswimsters, mei foarop Marrit Steenbergen © Orange Pictures
19:29

Alles oan 'e hang yn Balk

It trochelkoarlotsjen yn Balk is by de froulju wûn troch Roelie Kroondijk, Manon Scheepstra en Iris Oosterbaan.
Yn de spannende finale wienen se mei 5-5 en 6-6 te sterk foar Anna Dieuwke Dijkstra, Corrie Kroondijk en Marrit Zeinstra.

Manlju

De manljusfinale fan Balk komt no. Dêryn steane Gert-Anne van der Bos, Bauke Dijkstra en Pieter-Jan Leijenaar tsjinoer Tjisse Steenstra, Kevin Jordi Hiemstra en Hans Wassenaar.
19:20

Steenbergen grypt njonken finaleplak

Op it WK swimmen yn Boedapest is Marrit Steenbergen der net yn slagge in finaleplak te beheljen op de 200 meter wikselslach. Steenbergen swom mei 2.11,20 in mindere tiid as de 2.10,60 dy't se swom yn de searje.
Har tiid wie goed foar it sande plak yn har race en it tsiende plak yn totaal.
18:42

Wer sulver foar Bruinsma by WK paraswimmen

Liesette Bruinsma hat sneon foar de tredde kear in sulveren medalje pakt op it WK paraswimmen. Op de 400 meter frije slach waard se twadde.
17:20

Nije spiler froulju sc Hearrenfean

De froulju fan Sportklup Hearrenfean hawwe in nije spylster fêstlein. It giet om Janneke Ennema. Sy makket de oerstap fan SC Stiens nei Hearrenfean.
16:48

ONS degradearre nei de earste klasse

ONS Snits spilet takom seizoen yn de earste klasse. De ploech fan ynterim-trainer Arnoud Koster ferlear sneon mei 1-3 fan WNC út Waardenburg en degradearre dêrmei út de haadklasse.
By it skoft stie WNC al mei 0-2 foar. De doelpuntemakkers wienen Mirel Ibrahimovic en Eyoub Allaoui.

Tsjin tsien man

Yn de twadde helte kamen de Snitsers wol werom yn de wedstriid. ONS krige yn de 67ste minút in penalty nei in oertrêding fan WNC-spiler Melvin van Gestel, dy waard mei read fan it fjild ôfstjoerd. Han van Dijk skeat de strafskop binnen: 1-2.
De alve fan ONS dienen der alles oan om de tsien fan WNC noch op de knibbels te krijen, mar dat slagge net. Djip yn blessueretiid bepaalde Kay van den Boogaard nei in counter de einstân op 1-3.
Trainer Arnoud Koster oer de degradaasje fan ONS Snits
14:47

Skema WK swimmen

Marrit Steenbergen komt jûn twa kear yn aksje op it WK swimmen yn Boedapest:
- 19.10: heale finale 200 meter wikselslach
- 19.47: finale 4x100 meter frij
13:33

Roeister Ymkje Clevering pakt kâns

Ymkje Clevering hat sneon op de wrâldbekerwedstriden roeien yn Polen mei har partner Veronique Meester it earste plak helle yn de werkânsingen. Dêrmei pleatse se har foar de finale op snein.
De Drachtster Jan van der Bij komt snein yn aksje yn de finale fan de dûbeld fjouwer. Dy wedstriid is om 13.23 oere.
Ymkje Clevering en Veronique Meester © Orange Pictures
12:01

Swimster Marrit Steenbergen troch op twa ôfstannen

Op it WK swimmen yn Boedapest docht de Fryske Marrit Steenbergen mei oan twa ûnderdielen: de 200 meter wikselslach en de 4x100 meter frije slach. Steenbergen pleatste har yn de wikselslach as fiifde foar de heale finales. Se swom in tiid fan 2.10,60.
Marrit Steenbergen nei kwalifikaasje op de 200 meter wikselslach © Orange Pictures
Op de 4x100 meter frije slach is Team NL troch nei de folgende ronde. Mei in tiid fan 3,37.56 waard Nederlân sechsde. Australië wie mei in tiid fan 3.33,74 de hurdste. Om 18.00 oere begjinne de finales.
10:31

Noch altyd gjin oerwinning foar NL-follybalsters

Nei sân wedstriden yn de Nations League moatte de Nederlânske follybalsters noch altyd wachtsje op de earste oerwinning. Marrit Jasper út Snits sit ek yn dat team. Yn de Braziliaanske haadstêd Brasilia kamen de froulju mei 2-3 krekt tekoart tsjin de Dominikaanske Republyk. De Nederlânske froulju stean no op it op ien nei lêste plak fan it algemien klassemint. Boppeoan stiet Japan.
De Nations League jildt foar Nederlân foaral as in tariedingstoernoai op it WK dat mids septimber yn eigen lân begjint.
Nederlânske follybalsters earder tsjin Dútslân (14-6-2022) © ANP
10:00

Wolkom yn dit sportblog

Yn dit blog melde we it Fryske sportnijs fan sneon 18 juny: follybal, swimmen, keatsen en mear.