Wat wol de Noardsee? Besikers Oerol besykje derachter te kommen

Soene we de Noardsee net in eigen stim jaan moatte? Besikers dy't meidogge oan de ekspedysje Audement aan zee op Oerol fine it út.
Op it strân by Hoarne kinne de besikers har melde by de Ambassade van de Noordzee. De ambassade is oprjochte yn 2018 en ûndersiket oft der mooglikheden binne om de Noardsee ta in rjochtspersoan te meitsjen.
De Ambassade van de Noordzee wurket gear mei keunstners, wittenskipper en ûndersikers.
Audement aan zee: lústerje nei de Noardsee
Bûten Europa binne al foarbylden fan bygelyks rivieren dy't rjochtspersoan wurden binne.
Binnen Europa rint Spanje foarop. Dêr komt no in wet dy't de lagune Mar Menor - by Murcia - ta rjochtspersoan makket. It populêre toeristyske stik strân en see is bot fersmoarge.
Oerol is fan freed 10 oant en mei snein 19 juny. Tsien dagen binne der foarstellingen, konserten, lytse optredens, lânskipskeunst en ekspedysjes op Skylge. Omrop Fryslân is derby en docht hjirfan ferslach op radio, tv en online. Fan moandei oant en mei sneon komt der om 18 oere in ferhaal online.