Bou fan nije Cambuurstadion begjint oer twa wiken

Artystympresje fan it Cambuurstadion © Van Wijnen
De bou fan it nije Cambuurstadion begjint oer twa wiken. Yn wike 26 giet boubedriuw Van Wijnen los mei it heien fan de peallen op it WTC-gebiet yn Ljouwert.
Van Wijnen hat de ûntwikkeling fan it nije Cambuurstadion in jier lyn oernaam fan projektûntwikkeler Wyckerveste. Earder wie al ôfpraat dat Van Wijnen de bou foar syn rekken nimme soe.
Zonder te overdrijven een historisch moment en de aftrap van een nieuw tijdperk.
Algemien direkteur Ard de Graaf (SC Cambuur)
It nije stadion fan SC Cambuur krijt 15.000 stuoltsjes. Oer it nije stadion wurdt al jierren praat. Direkteur Ard de Graaf is bliid dat de bou no lang om let begjint. "Voor ons als club is het zonder te overdrijven een historisch moment en de aftrap van een nieuw tijdperk."
Yn it stadion komt ek plak foar ûnderwiisynstelling ROC Friese Poort. Dy hiert goed 7500 kante meter yn it stadion foar in skoalgebou.
De bedoeling is dat Cambuur mei yngong fan it seizoen 2023/2024 yn it nije stadion spylje kin.
Artystympresje fan it nije Cambuurstadion © Van Wijnen