Planetarium krijt bysûnder boek mei oantekening soan Eise Eisinga

It Planetarium yn Frjentsjer © ANP
It Eise Eisinga Planetarium hat in bysûnder boek krigen. It giet om in boek mei oantekenings fan de soan fan Eise Eisinga en de bekende histoarikus Wopke Eekhoff deryn.
It giet om Beschrijving van een hemels-uurwerk dat heechlearaar Henri van Swinden yn 1780 skreaun hat. It boek joech in omskriuwing fan it Planetarium yn Frjentsjer. It boek wie fuort in sukses. It soe tal fan kearen op 'e nij drukt wurde. It boekje dat it Planetarium krigen hat, is der ien fan de earste druk.
In bysûndere skinking oan it Planetarium
Ekstra spesjaal binne de twa oantekenings foaryn it boek. De earste is fan de earste stedsargivaris fan Ljouwert, Wopke Eekhoff. Eekhoff hat deryn set dat it boekje eigendom is fan it Planetarium. Eekhoff hat it nei alle gedachten yn 1851 yn it boek skreaun.
De twadde is in oantekening fan Jacobus Eisinga, de jongste soan fan Eise Eisinga. Jacobus skreaun dat hy it boek kado joech oan J. Dirx út Rotterdam, in goeie freon fan Eisinga.
It boek kaam oan it ljocht by in lêzing fan Arjen Dijkstra, de biograaf fan Eise Eisinga. "Der kaam in frou nei my ta mei in grutte envelop. Doe't se it boekje derút helle seach ik it direkt en dêr wie ik al bot fan ûnder de yndruk, mar doe't ik it iepen die foel my de mûle iepen fan fernuvering. It is prachtich dat it no werom is."