Gers ferkringt heide op Schaopedobbe by Elslo: "Net mear pears fan de blommen"

De heide wurdt brún © ANP
Yn natuergebiet de Schaopedobbe by Elslo moat de heide hieltyd mear belies jaan op de heide. Dit komt omdat der te folle stikstof yn de loft en yn de grûn sit.
It Fryske Gea is eigener fan it gebiet. Sy wolle mei de boeren út de omkriten op syk nei oplossingen foar it stikstofoerskot.
"It docht ús ek sear dat der foaroprinnende boeren binne dy't no yn de ûnwissigens sitte oft se noch mear dwaan moatte", seit direkteur Chris Bakker.
Dat der in stikstofprobleem is, is op de Schaopedobbe dúdlik te sjen: it gers wint hieltyd mear terrein op de heide. "Dan is de heide net pears fan de blommen, mar brún fan de bjinten (in plant út de gersfamylje)", leit Bakker út.
Op de Schaopedobbe wint gers it fan de heide
De iene plantesoart kin better oer stikstof as de oare. "Oan de iene kant is stikstof in soarte fan dong dat út de loft reint, oan de oare kant makket it de boaiem hieltyd soerder."

Fersuorring

It proses fan dy fersuorring duorret in skoft. Earst fernimst der net in soad fan, mar op in bepaald stuit reitsje de 'buffers' mei fiedingsstoffen op.
"Dan komt der somtiden sels aluminium frij yn de boaiem en dêr kinne planten lêst fan hawwe", seit Bakker.
Neffens Bakker sit de oplossing him yn de gearwurking mei de boeren. "As boeren sels natoer realisearje wolle, dan wolle wy dêr graach by helpe. Der binne alderhande saken wêryn't we sjen litten hawwe dat we gearwurkje kinne. Boeren dy't meitinke wolle oer hoe't it oars kin, soenen harren feilich fiele moatte."
Direkteur Chris Bakker fan It Fryske Gea