Nije flier foar iishockeyklup UNIS Flyers: "It koe gefaarlik wêze"

De Unis Flyers krije in nije flier © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Iishockeyklup UNIS Flyers fan It Hearrenfean krijt in nije iisflier. De iishockeyklup spilet op it heechste nivo yn Nederlân mar hie in swier ferâldere flier. Dy begûn it lêste seizoen sels te lekken.
Yn de nije flier komt sa'n achttjin kilometer oan kuolliedingen te lizzen. Der komt ek in nije boarding. It totale projekt kostet sa'n 1,5 miljoen euro en wurdt troch de gemeente betelle.
"Dêr ha wy jierren mei oan de gong west", seit foarsitter Henk Hoekstra. "De gemeente is altyd goed foar ús, mar it kostet in soad jild. Dêr moat dan lang oer sprutsen wurde foardat der wat barre kin. Mar it wie wol echt nedich."

Wekken

De âlde flier begûn te lekken om't de liedingen net mear goed wurken. Der kamen wekken yn it iis. "Dat is foar topsport fansels gjin goeie saak, mar it kin ek nochris gefaarlik wêze. As dy liedingen it net mear dogge, dan kuollet it net mear. Dat ha je ek net rap oplost, want dan moat eins de hiele flier der wer út. Wy binne bliid dat dy der no komt dus."
Dochs hoopje de Flyers noch mear yn de hal oan te pakken. "Dizze hal is simpel sein gewoan swier ferâldere. Je wolle fansels wol in folslein nije, mar dat is net rendabel. Dat begripe wy ek. Mar wy hoopje in de simmer mei in protte frijwilligers alles opnij fervje te kinnen oan de binnenkant", seit Hoekstra.

Mear Cambuur as Hearrenfean

"De hal is no giel fan binnen en dat liket earder op Cambuur as op Hearrenfean. Dy kleuren binne der al tweintich jier en dêr sil in idee efter sitte, mar ik wol it aanst wol wer moai blau en griis ha. Ús eigen kleuren, dy moatte der wer op."
De nije flier is earst oan bar. De Flyers ferwachtsje dat dy foar augustus klear is.