Opnij WK-sulver foar paraswimster Liesette Bruinsma

Liesette Bruinsma op de Paralympyske Spelen fan 2021 © Orange Pictures
Liesette Bruinsma hat tongersdeitejûn op it WK paraswimmen in sulveren medalje wûn op de 100 meter frije slach.
De titel yn de kategory foar bline swimsters gie yn it Portugeeske Madeira yn 1.06,87 nei de Amerikaanske Anastasia Pagonis. Bruinsma fan Wommels wie mei 1.07,90 goed ien sekonde stadiger. Yn de heats wie Bruinsma noch flugger as har konkurrinte.
It brûns gie nei Tatiana Blattnerova út Slowakije yn 1.14,40.

Noch ien kâns

It is de twadde medalje foar Bruinsma op dit WK. Op de 50 meter frije slach wûn de Friezinne ek it sulver.
Op sneon komt Bruinsma foar it lêst dit toernoai yn aksje. Dan op de 400 meter frije slach.