GGD Fryslân skaalt faksinaasjekampanje op: ferdûbeling yn tal prikstrjitten

In frou krijt in coronafaksinaasje © Omrop Fryslân
GGD Fryslân is dwaande om de faksinaasjekampanje tsjin it coronafirus wer op te skalen. Op de faksinaasjelokaasje oan de Elzenstrjitte yn Ljouwert hawwe se fanwegen de drokte twa nije prikstrjitten iepenje moatten.
It is de ôfrûne wike twa kear sa drok wurden by it faksinearjen, seit Derk Moor fan GGD Fryslân. "Daarover verbazen we ons niet. We zagen de afgelopen week het nieuws over corona toenemen. Het aantal besmettingen loopt op en er komen ook steeds meer mensen bij ons testen. Dus we weten ook wel dat je daar dan wel een antwoord op ziet in de prikbereidheid", seit Moor.
Hy slút net út dat ek de oankommende fakânsje meispilet. Minsken soene mooglik foardat se op reis geane noch gau in (booster)prik helje wolle.

Foar wa?

Op it stuit kinne alle minsken dy't noch gjin earste, twadde of tredde prik hân hawwe sûnder ôfspraak in faksinaasje helje. Minsken boppe de sechstich, bewenners fan ferpleechhuzen, bepaalde minsken mei in ôfwarsteuring en minsken mei it downsyndroom kinne ek al in fjirde prik krije sûnder ôfspraak.
Der binne no ferskate plakken yn Fryslân dêr't minsken terjochte kinne foar in prik. "Wel binnen bepaalde tijden en kijk altijd even op prikkenzonderafspraak.nl welke locatie op dat moment open is. We zijn niet constant en zoveel open zoals begin van dit jaar, omdat er minder vraag is", seit Moor.
Derk Moor fan GGD Fryslân yn it radioprogramma Underweis