Fûgelgryp bedriget fuortbestean grutte stirnsen: "Ofgryslik grutte slach"

Deade fûgel © Omrop Fryslân, Mats Gies
De fûgelgryp slacht hieltyd mear om him hinne. It soarget dat de takomst fan ûnder oaren klikstirnsen, dy't al op de list fan bedrige soarten stiet, yn Fryslân faai komt te stean.
"It wurdt slimmer en slimmer", seit Romke Kleefstra fan Sovon, in organisaasje dy't ûndersyk docht nei fûgels. "We sjogge it yn it Waadgebiet mar ek yn it binnenlân."
"Yn it Waad binne it benammen de klikstirnsen, de grutte stirnsen, dy't massaal de fûgelgryp hawwe. Der komme mear soarten by, lykas de wytstirns. Yn it binnenlân binne it benammen de skiere guozzen, mar fansels ek kobben en sels kluten en ljippen. Foar guon populaasjes is dit in grut probleem."
Neffens Kleefstra giet it om in "hiel grutte útbraak" fan de fûgelgryp. "Ast sjochst dat by de grutte stirnsen tûzenen fûgels it hawwe en ferstjerre. Op Teksel bygelyks dêr't sa'n 6.000 span sitte, dêr is de helte al dea fûn."
De populaasje krijt in grutte klap.
Romke Kleefstra fan Sovon
De gryp liedt der net allinnich ta dat in soad fûgels ferstjerre, mar ek dat groepen harren ferpleatse nei plakken dêr't se gewoanwei net komme, leit Kleefstra út. Sels is er op Skiermûntseach om dêr de situaasje te besjen. "Hjir op Skiermûntseach lizze ek deade fûgels. Dy briede hjir net dus dy kinne ek earne oars wei komme. Fan It Gryn, Teksel bygelyks. It is in ôfgryslik grutte slach."

Hiele Noardseekust

De gryp is net allinnich op it Waad in probleem. Oan de hiele Noardseekust is it in probleem. "Ek ûnder oare grutte stirnsen by de kust fan Noard- en Súd-Hollân del, ek nei it suden yn Seelân. Ek dêr is it oan de hân, de populaasje krijt in grutte klap."
It kontrolearjen, lit stean yndamjen fan de gryp is fanwegen de omfang fan alle gebieten dêr't de sykte húshâldt hast net te dwaan. "It is hiel dreech, it is net allinnich yn Nederlân, ek yn de Deenske en Dútske Waadsee spilet dit."

Deade fûgels opromje

"It bêste soe wêze datst al dy liken oprommest", leit Kleefstra út. "Mar dêr kinst net oan begjinne. Dan bliuwst oan de gong."
Dêrom sille wy de fûgelgryp nei alle gedachten útsitte moatte, seit er. "En hoopje dat úteinlik fûgels resistint wurde. Mar foar sa'n soart dy't der gefoelich foar is, lykas de klikstirnsen, koe dit wol ris funest wêze."
En dan komt it oan op it fermogen fan fûgelpopulaasjes om wer te groeien. "Dat fermogen is der wol, mar dan moatte se wol resistint wurde. It kin wêze dat it opknapt, mar dat is ôfwachtsje."
Romke Kleefstra fan Sovon oer de fûgelgryp