In diner mei mear as hûndert minsken op nije lokaasje by Oerol

Diners om Oost op Oerol © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Foar goed hûndert minsken itensiede en dan ek noch mei inkeld lokale yngrediïnten: op de nije lokaasje op Oerol Om Oost kinne minsken alle dagen oanskowe foar in bysûnder en kreatyf miel.
Kulinêr keunstner Marente van der Valk en in groep freonen sette de gasten in bysûndere ûnderfining foar. Sintraal stiet de fraach wat it iten fan de takomst is. Neffens Van der Valk sit dat net yn nije technology, mar krekt troch it weromgean nei tichtby hûs. Se hawwe in fiif-gongediner betocht mei yngrediïnten fan it eilân en it Waadgebiet.
In diner mei mear as hûndert minsken op nije lokaasje by Oerol
De earste gong is in wier keunstwurk: in saneamde 'handscape' makke troch de keunstners fan De Onkruidenier. Elke gast krijt persoanlik it itenskeunstwurk op de hân opmakke mei ûnder oaren sûkerwier, in seekoalbei en in sjelei fan gagel (soarte fan strûk). Hjirnei kin it opiten wurde.
Oerol is fan freed 10 oant en mei snein 19 juny. Tsien dagen binne der foarstellingen, konserten, lytse optredens, lânskipskeunst en ekspedysjes op Skylge. Omrop Fryslân is derby en docht hjirfan ferslach op radio, tv en online. Fan moandei oant en mei sneon komt der om 18 oere in ferhaal online.