HEA! Boerinne Nynke Cuperus set troch

HEA! Boerinne Nynke Cuperus
In flinke tebeksetter fan 't winter foar boerinne Nynke Cuperus fan Boksum: in ko gie op har stean en doe bruts sy in ribbe. Mar de 74-jierrige boerinne set troch.
Kuperus buorket noch mei in âlderwetske gropstâl. Foar it melken hat se help, mar kealleboarne en fuorje docht se sels. De kij hoege net mear sa fier ferweide te wurden sûnt se lân tichter by de pleats kocht hat.
Oan ophâlden tinkt de boerinne noch net. "Wat moat ik dan? Salang't de holle mar wat goed bliuwt, set ik troch. "