Operaasje Fryske Flagge: Friezen om utens socht

© Omrop Fryslân
De Fryske flagge is foar in soad Friezen in wichtich symboal. Wannear't sy de pompeblêden sjogge, begjint harren hert rapper te slaan... En dy Fryske flagge komst oeral op 'e wrâld tsjin, want oeral binne Friezen. Omrop Fryslân ropt Friezen om utens op om foto's mei in Fryske flagge op 'e online kaart te setten.
Der binne noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wennesto yn it bûtenlân en fynst it leuk om dyn ferhaal by Omrop Fryslân te fertellen? Jou dy dan op troch in Fryske Flagge te pleatsen op ús wrâldkaart.
Hoe wurket it?
Op de spesjale pagina www.omropfryslan.nl/fryskeflagge stiet de kaart mei útlis. Minsken kinne sels op 'e kaart in foto mei ferhaal uploade. Dêrnei kart de redaksje fan Omrop Fryslân de ynstjoering goed. It duorret dus efkes foardat it resultaat te sjen is.
Help nedich?
As it dy net slagget, helpe wy dy graach. Oerdeis kinsto ús redaksje whatsappe foar help: +31682214741. Sy kinne dyn gegevens ek foar dy op de kaart sette.