Postume Yad Vashem-ûnderskieding foar IJmkje Westra-Zijlstra út Ferwert

Yn de Twadde Wrâldoarloch fongen IJmkje Westra-Zijlstra en har famylje yn Ferwert it joadske jonkje Herbert op. As tank dêrfoar krige se postúm in Yad Vashem-ûnderskieding útrikt yn Den Haag.
By de útrikking wienen sa'n fyftjin famyljeleden fan frou Westra. Ien dêrfan wie beppesizzer Sierd Tilma. "It is in prachtige erkenning fan wat beppe IJmkje dien hat yn de Twadde Wrâldoarloch. It hie moai west as dit earder bard wie, as beppe sels noch libbe hie of ús mem."
De oarkonde betsjut in soad foar de famylje, seit Tilma. "Beppe hie de moed en de krêft om dat te dwaan, wylst se sels ek al in grutte húshâlding hie. It wie wol gefaarlik om joaden ûnderdak te ferlienen." Se is in foarbyld foar him. "Sykje nei gerjochtichheid, leafde foar oare minsken is wol in ynspiraasje."
Sierd Tilma
Der binne fyftich neven en nichten en dy wenje op ferskillende plakken. Uteinlik sil de oarkonde by ien fan har yn Israel in plak krije.
IJmkje Westra-Zijlstra en har famylje krigen postúm de Yad Vashem-ûnderskieding
By de útrikking wie ek ûnderdûker Herbert Sarfatij.
"Ik ben gekomen in juli 1943, vanuit Amsterdam. Er werd gezocht naar een groot gezin voor mij", fertelt Herbert Sarfatij. "Daar was een nakomertje van dezelfde leeftijd. Hij heette Hessel en dat leek wel geschikt. Ze zeiden: dan hebben die twee jongens wat aan elkaar."
Hy draaide mei yn de húshâlding. "Ik had een niet-joodse onderduiknaam en kon gewoon naar school en mee naar de kerk. Ik was onderdeel van dat gezin. Voor mij als Amsterdamse jongen was het wel een hard en primitief leven op het platteland. We zaten in een kleine boerderij langs de zeedijk."
Herbert Sarfatij